Mot

We hawwe mot. In frou fan middelbere aldens bringt folders rûn. Hja draaft altiid en dêr knypt it; ûs Max hat in bloedhekel oan jachtsjende minsken.   It bist wat oars heel leaf en guodlik is wurd dan furieus. Wat motivaasje der achter sit wit ik net. Op in sinniche dei bin ik dwaande yn … Read more

Jûntyd

It is al let yn de jûn en deastil om my hinne. De buorlju binne noch op fekânsje. De fûgels hawwe al betiid in plakje socht foar de nacht. De minsken om my hinne binne ta rêst kaam. Ik genietsje. Ik ha it gefûl dat ik allinnich op ‘e wrâld bin . Alle swirrichheden fan … Read more

Âlderdom

Dèr lizze se beide. Myn man underùt yn syn stoel en Max, de hûn, ek underùt yn de stoel. En ik skarrelje der wat tuskentroch. Ik bin oan it stofsûgerjen en til de fuotten fan de man ien foar ien omheech. Hy feroaret him er net om en giet gewoan troch mei snoarkjen. Ik til … Read more

Op libben en dea

Ier en betiid wurd ik wekker troch in protte geraas fan aksters. Yn de grutte beam achterhûs sit in nest jongen. Ik draai my om en wol my der net mear oan steure. Mar it geraas wurd fûler. Ik moat er mar ôf en strompelje yn nachtklean mei in slûge kop nei bûten. En ja … Read more

Hûnefleis

“Wat ite wy hjoed?” freget er. “Wit ik noch nèt.” sis ik. ‘Dy man hat it altyd oer iten‘ tink ik by mysels. Ik moat net oan iten tinke op it stuit. Ik hearde op it nijs dat yn ùs gehaktbaltsjes en hamburgers hûnefleis ferwurke wurd. De kadavers wurde yn Spanje troch in bedriuw fermealle en dan … Read more

Heechwetter

It is trije oere yn ‘e nacht. Wa giet nò nei bûten ta? Ùs Max wurd in âld mantsje en kriget alderdomsferskynsels. Ik gean der al op lizzen. By it earste lûd stean ik by de achterdoor. Want skjin op him sels is hy altyd west. Somtiden, tink  ik wol es, dat hy net allinne … Read more

Fjoerwurk

Wy hawwe pine yn`t liif oer de kommende dagen. Ik ha it oer de knallerij. Ùs Max is as de dea foar alles wat mar knalt. Al dagen doart hy net nei bûten. Regelmjittich tôgje ik him yn de tùn. Mar foar dat ik it troch ha is hy al wer yn hûs. Ferskate minsken … Read more

Op stân

“Wit jo ek wer `t ik  weze moat?” Oant trije kear ta moat ik freegje nei it nûmer en de strjitte. Ik bin yn de nijbou fan myn wenplak. It is jûn en tsjuster. Gjin mins op ‘e dyk. Ik ha in gearkomste by lju wer`t ik net earder west bin. Nei lang siikjen helpt in … Read more

Dieredei

It sil jimme net ontgong wêze dat it juster Dieredei wie. Troch de media is er in soart oandacht oan bestege. Ôfgryselike bylden krigen wy fan de Dierenbescherming te sjen. Ferwaarloosde en mishândelde bisten. Ik wit net hoe as it jimme fergiet mar ik kin it net oan sjen. Salang as wy trouwd binne ha wy bisten … Read more

Reboelje

“Ha jimme Jack Russels?” freget de man. Op de stoepe stiet in plysjeman yn unifoarm mei alles op en der oan. Ik wurd der kjel fan. Soe der wat  mei myn sibben wêze? Mar al gau seit er; “De buorlju ha lêst fan jimme hûnen. Se hawwe te folle heibel.“ “Dat kin nèt.” sis ik. Se … Read more