Bisten en sa

Markol

troch Posted on 0 Comments 1 min read 367 views

Ja hear, myn Markol hat jongen. Nò ja, ‘myn’… dat is oerdreun fansels. Al wiken rin ik mei Max lâns in nest Markols. Yn bewûndering stean ik fan in ôfstân te sjen, sa keunstich as it makke is ferstoppe tusken it reid. Ik hie mei it wyfke te kryen, se siet der mar: dei yn, dei ùt. Ik frege my ôf: soe sy wol genoch iten krye as soe sy ek lèst fan har kontsje ha.

In freon sei tsjin my dat it mantsje en it wyfke mekoar ôfwikselje. Dat sil wol mar ik seach er nea in mantsje by. Jo witte it net mei dy mânlju, ek fûgels libje yn 2011. Mooglik binne der de normen en wearden ek wol feroare. Mar fan middei ha ik de jongen sjoen: trye as fjouer reade dûnskopkes stutsen boppe it nest ùt. En it mantsje, wat hat hy it drok mei it fangen fan michjes rûpkes en wat er mar fleant en driuwt.

It wrâldnys oer diktator Khadaffi en fan de dea fan Bin-Laden: it kin my net mear boeie. Ik hoopje mar dat de famylje Markol yn sûnens grut wurre mei…

Kreakers

troch Posted on 0 Comments 2 min read 381 views

Wat kin it sneintemoans betiid stil om jo hinne wèze.

Net in mins op ‘e dyk. De iene helt fan Fryslân sliept ùt en de oare helt giet nei`t tsjerke. Nò sa krekt wit ik it ek net fansels, miskien lizze de getâllen wol oars. Dan yn ienen yn dy noflike stillens wur ik steurt yn myn prakkesaasjes. In pearke koalmezen { bijbiters} ha in wente fûn. Hiel heech yn de beam. Wy hawwe it fûgelhûske dit jier net skjin makke omdat wy net ùt de beam knoffelje woene en ha it sloere litten.

Mar dan sjoch ik yn ienen  in mantsje en in wyfke koalmins oan it maitydshimmeljen. It wyfke hat de lieding, sy  jowt it mantsje ynstruksjes wat hy dwaan moat. Sy sit op in tûke en folget sekuer wat hy docht. Al it ôffâl fan de foarige bewenners wurd troch it gâtsje smiten. Jo steane der fersteld fan wat sy efterlitten ha. Dan hâlde hja efkes skoft, se geane neist elkoar sitten en hâlde wurkoerliz.

Dan yn ienen in heidensk kabaal in tûke heger strike in pear konkurinten del. Ùs pearke wurd hielendâl oerremis; wurk foar neat dien! Se raze alles byelkoar en fladderje mei de wjukken om jaloersk op te wurren, wat in enerzjy. Ik stean yn dubio moat ik ek helpe? Ik stean al mei de spinreager klear. Mar de kreakers binne mei de fjerren tusken de poaten ôfsetten.

Sy witte ek net dat er in kreakferbod kaam is.”

Mar wat is it sneintemoarns betiid moai. Myn dei is wer goed.



De Lage Hoeve

troch Posted on 4 Comments 2 min read 512 views

Op dizze pleats wenje hiel wat bisten. As ik der kom dan moat ik altiid oan de arke fan Noach tinke mar dan sûnder arke fansels. Der wenje hiel wat bisten. Se rinne allegearre troch elkoar hinne en kinne best meielkoar opsjitte.

Ik sil jimme fertelle wat foar bisten der wenje. Allerearst de trye  hûnen; Tara, Blacky en Djonda. Tara, een grutte swarte hûn, komt ùt Gaasterlân. Blacky is in lyts Terrierke en komt fan it Ynternet. En der is Djonda ùt Portugal.

Dan binne der twa hingelbûk bargjes. Spookey is in swarte en Sue in wyt-grize (se binne neamd nei in sjongduo). Altiid honger mar altiid fleurich.

Der binne seis katten. Nei rangoarder neam ik se hjirre; Kitty is in wyte poes mei healle earen fanwege kanker. Poeleke mei de kleuren fan in ko, swart wyt. Beau, in lapkeskat. Belle, in tinger sipers katsje mei de eagen fan E.T. En dan Toetsie, in swarte folslanke kat, kaam tydlik mei in nest ferwaarloasde jongen. Mar mem Toetsie mocht bliuwe. Ta einbeslùt is der Myra de Main Coon poes, se hat wat fan in mini liuw en ien en al hier.

Dan noch twa kninen: de iene hjit Peter -fan Rabbit- en de oare is Pebbles. Har tosken groeie hurder dan sysels en moatte om de twa wike knipt wurre.

Der binne ek noch fjouwer hinnen oer. Der wiene mear mar op in nacht binne der hiel wat fan opfretten troch in Foks as in Murd. Dy kamen tsjin de moarntiid thùs ùt it Houtsje. Ien hin is tsjien jier wurden mar hy is âld wurren by de twa kninen. Dat wie earst needopfang mar mocht bliuwe. Ek is Gerrit der noch: earst wie hy noch al ballearich mar dû is hy holpen troch in feedokter -jimme  witte wol, tink!- en is nò aerdich restich wurren.

Troch in fruchtber klimaat yn de fiskekom swimme der hiel wat guppies rûn; de Femylje Blub. Ik leauw dat ik nò alle bisten hân ha. Ùt dit ferhaal docht bliken de grutte leafde en respekt  foar bisten en al wat libbet.

Sokke minsken moasten der mear wèze. Ik bin bliid dat ik de frou fan De Lage Hoeve ta myn freonen rekkenje mei…

Flaamske Gaai

troch Posted on 6 Comments 1 min read 715 views

It is noch betiid op ‘e moarn. Mei slûge eagen sjoch ik nei bûten. De snie en froast komme my temjitte. Nei dat ik de nediche kofje hân ha en noch ris nei bûten sjoch, bin ik ferwûndere oer it moaie winterbyld.

Ik ha noch nea san fûgels by elkoar sjoen. Koalmezen, mosken, roeken, eksters en noch mear fûgels dy ik net by namme kin. Juster ha ik in slinger apenùten in de beam hong. De koalmezen en mosken fine it te min; se geane ljouwer nei de buorren dy ‘t restaurant v.d. Valk oan it skut hingjen hawwe.

Mar dan yn ienen sjoch ik twa Flaamske Gaaien op myn slinger sitten. Hele apenùtedoppen helje se ùt it netsje. Yn in sucht hawwe se alles op. “Och ja wat witte Flaamske Gaaien -hoe moai as se ek binne- fan itensbanken en djûre restaurants?” Myn apenuutslinger ha se al wer op, ik tink mei netsje en al, want der hinget neat mear yn de beam. Mar ja, betink ik my, yn dy djûre restaurants wurd it bestek ek meinaam.

Wat is it ferskil tusken minsken en bisten? Ik moat mar efkes om in nye slinger apenùten…

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien