Hûnesoargen

DSCN0285-bewerktUs Max hat soargen. Ik sjoch it oan syn gesicht. Syn iene ear stiet omheech en de oare leit plat op de kop.

Ik sit nei him te sjen en wol witte wat er geande  is. In hûn mei soargen kin ik net oer. Jo witte noait wat er yn san kop omgiet.

Sy kinne hun net ùterje krèkt as minsken somstiden. Se slane ticht as jo it der op oanstjûre.

Sis it mar.” sis ik en ai him oer de kop. Dan komt it  hege wurd er ùt. Hy hat it nijs sjoen en it minskesjoernaal sei: “Der komt in nije wet oan: jo meie hûnen  en katten net sa mar mear ôfmeitsje.

Nò,” sis ik; “dat binne dochs goeie berichten?

Ja mar,” seit er mei in djippe tear yn syn kop; “as ik no es demint wurd as ik krij kanker? Wat dogge jimme dan? 

Jonge.” sis ik; “Wy sille der altyd foar dy wêze. As it beslist net mear kin, dan oerlizze wy dat mei de bistedokter. Moast wol dùdlik meitsje hoe ast  it ha wolste, dan lit ik it fêst lizze by de bistenotaris.  

It oare earke stiet nò ek omheech. Tankber sjocht hy my oan. Wy witte dat wy op elkoar oan kinne.

Hy sjocht tefolle televyzje. Der moat mar in hûneslot op …

4 Comments on “Hûnesoargen

  1. Pingback: Hûnesoargen | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien