De beamgrins

boomgrensWat wenje jim hjir moai., sis ik fol bewûndering tsjin goed kunde.

Grutsk litte se my hun appartemint sjen. Fan twa flats is ien grutte romte makke. En dan it ùtsicht… der fal ik hielendal foar.

Trije heech (“Wy woene net heger as de beamgrins. We wolle de seizoenen meimeitsje.”). En dan noch it ùtsicht op in breed wetter dat bytiden wyld oer de wal hinne klotst.

Ik kom alhiel ûnder yndruk thus fan wat ik sjoen ha.

“Ik wol ferfarre.” sis ik tsjin him.

Fernuvere sjocht hy my oan. “En do mochtst sa graach hjir wenje.” seit er ferheard. “Ja mar altiid simmers dy tùn. En dat ûnderhâld, it wurd my te dreech.” bring ik der tsjin yn. Ik sjoch yn gedachten it klotsende wetter, de loften, dy rikke oant de fierste kime.

Ik sit yn `e tùn en sjoch ynienen it Klysterpearke kuierjen. Dizze maityd ha se har nêst hân yn in âlde spjirrebeam. De twa grize dowen dy in LAT-relaasje hawwe. Roeken dy sljocht  binne op myn pankoeken.

En dan noch yn `e maityd de ferskate nêsten fan it lytse fûgeltsjeguod en ik de hiele dei as in ME-er efter de katten fan de buert oansitte moat.

Ik wit it nò fêst; ik bliuw ûnder de beamgrins.

LÊS EK:  Minsken
  • Hiel gek misskyn, mar dit fjilt as ien fan us memmeminske’s moaiste stikjes.

    Foarol dy letste sin; “Ik wit it nò fêst; ik bliuw ûnder de beamgrins.”

    Moai.

  • >