Bisten en sa

Stientsje II

troch Posted on 2 Comments 1 min read 450 views

[Klik op de ôfbylding foar grut]
stientsje800600wit_20

Stientsje is in ‘Europese korthaar’, sa stiet yn har paspoart.

Wy hawwe har ùt it asyl helle want wy koene ùs bisteleafde oan net ien kwyt. Nei dat Max nei sântjin jier ferstoarn is wie it stil yn hûs wurden. It ritme fan de dei wie fersteurd.

En sa is sy yn ùs libben kaam.

Yn de earste fyfjier fan har bestean hat sy fjouwer pleechâlders hân. It wie net wat se de der fan ferwachte hie. Mar eltse kear tocht se: ‘Dit wurde minsken wert ik fan hâlde kin’, en dan waard se nei in skofke werom brocht, nei it asyl.

Somstiden tocht se dat it oan harsels lei, koe se wol oan de ferwachtingen foldwaan? Soe se har oars gedrage moatte? Mear Europeesk? Kateftiger? As soks sawat hinne?

Op in kear kamen er wer lju foar har traaljes lâns. Sy like wol in leaf minske, hy wat in brimstige man. ‘Ik bin mar fuort krûpt, sa folle mooglik efter yn `t hok. Se woene my dochs net hawwe.’

En ferduld noch oan ta; woene dizze lju har net hawwe?

En sa is sij opnaam troch in pear âldere minsken. It hat har kattenbestean hielendal feroare en ferrike. Er wurdt rekken mei har hâlden.

En fan har kant docht se er alles oan om it hja nei`t sin ta meitsjen.

Unferwaardlike leafde moat fan beide kanten komme, is ‘t net?

Ach, dy Stientsje

Myn tùn

troch Posted on 2 Comments 0 min read 405 views

photo379551891105884240-bewerkt

Myn tùn is myn alles. Ha ik it somstiden dreech, dan gean ik de tùn yn. Ik set de skeppe yn `e grûn en hoe fierder ik dol hoe mear ik myn emoasjes kwyt kin.

Ik fertel de Goudsjeblommen  en de Fioeltsjes wat my dwers sit. It unkrûd lùstert mei en bewege har sêft hin en wer. De slakken ha de tiid en heare geduldich nei myn ferhaal.

‘Werom makkest dy sa drok om?’ sizze se; ‘Doch krêkt as ùs, wy binne op it ein like fier as jimme.’ 

‘Ja , mar,’ sis ik; ‘jimme hawwe de tiid en ik net.’

Se geane allegearre om my hinne sitten. In Podde klimt op in stien want hy wol gjin wurd misse. In foarse Langskonkmich makket om gjin tiid te missen in web yn myn hier.

Ik sit mei in probleem .’ sis ik. De Goudsjeblom tilt syn kopke omheech, de Beltsjeblommen sjogge nei underen. In Krobbe kriget in skrobbearing en de wjirm moat him ôfjaan. De beammen bûge hun krunen; de spanning is fielber.

‘Wy wolle ferfarre.’ sis ik; ‘De tùn wurd my te oermânsk.’ Der falt in grutte stiltme om my hinne.

‘Ja mar wy kinne dochs mei helpe?’ seit de krobbe. ‘Sst,’ seit de wjirm; ‘oars gean ik wer de grûn yn.’

Ynkoartens komme we wer byelkoar en dan sille wy it er noch es oerhawwe.

Wer moat ik dan hinne mei myn gefoelens, myn fertriet en blidens? freegje ik my ôf. Myn tùn. Ik kin myn freonen net misse…

Ynternasjonaal

troch Posted on 0 Comments 0 min read 372 views
photo379551891105884211-bewerktHeech yn `e beam sit Stientsje.

Jimme witte wol dat wy har ùt it asyl helle ha. Ik moat sizze; se past har goed oan.

Se hat de Fryske taal al aardich under de knibbel. Se hat in ynboargeringskursus folge foar bûtenlânske bisten.

De Fryske taal wie dreech mar ek dat leard al,  moat ik sizze.

Se hat ek al kontakt makke mei in Russyske Mikoense kat en dat giet wûnderlik goed. Se hawwe earst de messen slipe en doe oerlein: hoe gean wy no fierder? Libje as fijannen as freonen? Yn oarloch as frede?

By de buorren kamen er twa Thaise hûnen fan hege adel mei lange stambeammen en drege ropnammen.

Nei in skofke fan unrêst en unbegryp binne se mei elkoar oan de keukenstafel sitten gong. Se sparren elkoar net; it gong er somtiden mâl om wei.

En sa ha se meielkoar ienriedich in ferdrach op papier setten en der moat in elts him no oan hâlde. Sa nèt, dan werom nei it lân fan komôf.

De ynternasjonale taal moat wurdeBegripe en ferstean.'” seit:Stientsje want sy hat de ynboargeringskursus dien …

Allergysk

troch Posted on 2 Comments 1 min read 450 views

sneezIk stean foar in dilemma.

Sûnt in pear moane is Stientsje by ùs. Nei in pear drege wiken fan unwennig wezen docht se al krekt as hat it nea oars west.

Se is oanhinklik en hat it ritme fan alledei wer te pakken. Se hat freonskip sluten mei de kat fan Sytse, en dat seit wat.

Dy fernearde gjin ynkele yndringer. Ek hat se al in freondinne; in wyfke mei in unsjoch kopke mar mei in prachtige sturt wat mear hat fan in plùskebiezem. Ek de fûgels dy altyd yn ùs beam sitte is se mei befreone.

Mar no myn grutte dilemma.

Earst tocht ik; ik wurd ferkâlden. Dat kin om dizze tiid sa mar. Mar it hâld mar oan, dei en nacht snotterje. It makket my deawurch.

Ferskate minsken komme mei goedjaande ried. De buorman sei; “Dy kat moat wêrom nei`t asyl.” “Net mear yn `e hûs nimme.” seit in oarenien. “Bûten sitten gean, ramen en doarren iepen.” seit wer in oare.

Mar hoe kin ik no Stientsje wêrom bringe, se is al ynboargere. Mei in grutte bôge belânet se op myn skoat… Wat moat ik dwaan?

Dan mar snotterje nim ik my foar mar. Stientsje bliuwt!

Oanpasse

troch Posted on 0 Comments 1 min read 331 views
Se neame my Stientsje. Hoe komme se derby? Ik ha my foarnaam net nei dy namme te lústerjen. Wa neamd syn kat nò sa?

Wat tinke dy lju wol net? Ik ha ek sa myn grutskens. Dat witte dy lju net mar ik bin in kat fan hege komôf. Ik ha yn in hiel grut hûs wenne, sy neamden dat in kastiel.

Ryk wiene hja mar de bisten wiene der op ta. Ùt noad binne wy as bisten op in moarn byelkoar west te oelizzen; wat sille wy dwaan?

De kanarje hie it grutste wurd, de hûnen wiene it no es einliks iens mei de katten. Lokkich hie ien fan ùs in kattemobyltsje en hat de saak wrâldkundich make.

Foar dat ien fan ùs it yn it snotsje hie waarden wy yn in biste-ambulânse poate.

En sa kamen wy meielkoar yn in asyl terjochte. Fan kastiel nei asyl. Mar ik eamelje net, de lju dogge hja best.

En ik… Ik bin Stientsje fan it Kastiel. Ik sil my oanpasse moatte.

Ik sil besiikje dat hja like folle fan my hâlde sille as fan hja hûn…”

vensterbank800

Batterijen

troch Posted on 0 Comments 0 min read 367 views
giphyHawwe jimme wol es tocht hoefolle apparaten wy sa stadichoan oplade moatte? Mobyl, tablet, skeerapparaat en noch folle mear ark.

Mar wat binne se handich! We kinne er net mear sûnder, miene wy. Mar jo moatte der wol optiid by wêze oars binne se dea en jo hawwe er neat mear oan.

En dat gefoel oerkomt my ek wol es, dat myn batterij leech is. Der binne soms dagen dan wol it net. ‘Wêrom sil ik my drok meitsje?‘ tink ik dan.

It selde wurk komt alle dagen wêrom… wat hat it allegearre foar nut? De dagen rige har oanelkoar en en de batterij laat net mear op.

Ik sjoch nei bûten en sjoch in Klyster yn in panne wetter baaien. Wyld giet it er om ta. Kopke ûnder en maar wer kopke ûnder, de fearren wurde ien foar ien neisjoen.

Ynienen tink ik by my sels; ‘Hy moat dat dochs ek eltsedei dwaan? Wêrom kin ik dat dan net?

Myn batterij is wer fol. Ik kin de wrâld wer oan. Tankje Klyster!

Batterijen …

Bisten

troch Posted on 1 Comment 0 min read 390 views
vensterbankJimme moatte wer in bist ha.” seit de soan. “Mar,” sis ik; “we binne noch yn `e rouwe fan ùs Max.

Dan is it krekt goed. It feravensearret wat.” seit er.

En sa gean ik mei mingde gefoelens nei`t Heerveld, in asyl yn Lùnbert.

It is in prachtige modern gebouw wer`t →

bisten yn skjinne hokken sitte en alle romte hawwe om hja te ontjaan.

Ùt ferskate hokken wurde wy opsedearre. De iene kat krûpt deabenauwd efterien en de oare sit deun tsjin it gaas oan. Ek is er ien dy yn syn kuorke bliuwd en my ûnfersteurber oansjocht. Jo kinne oan syn hâlding sjen; ‘Dit wurd dochs neat!

Dy moat it wurde.” sis ik. Dy gefoelens dy sy hat werken ik wol; dy ha ik somstiden ek fan. ‘Dit wurd dochs neat.’

Nei dat wy oerien kaam binne en de papieren ynfollet hawwe geane we nei hûs. Dea stil sit se yn ‘e koer en sjocht my strak oan. Wy sille der tegearre in sukses fan meitsje ûnthjit ik har.

Bisten …

Gurbe

troch Posted on 1 Comment 0 min read 515 views
gurbeAl dagen hie ùs heit it er oer; wy soene mei de krystdagen wat bysûnders ite.

Wat krije we dan?” frege  ik. “Dat sjochst wol.” sei er unfersteurber.

By ùs mem kaam ik ek neat te witten. Se hie al dagen in skûteldoek yn `t hok hingjen mei in panne der ûnder. Dat wurdt “Jan yn ‘e Pûde“, dat wist ik wol. Wat efterbleaun fan de sûpe waard in neigesetsje in soart fan kwark mei beisop.

De tafel wie feestlik fersierd mei beppe har lekken dy`t se noch lizzen hie.

Einlik gong ùs heit oerein en kaam efkes letter triomfantlik de keamer yn.

Hy begon te snijen mei in grut mes wat er altyd by him droech.

Wat is dat foar bist?” frege ik mistrouwend.

Dat is Gurbe.” sei er. “Hy hie nò it goeie gewicht.”

Ik moat kokhalzje en stoarmje oerstjoer de keamer ùt.

Gurbe‘. Wert ik it hiele jier op past hie. Alle dagen syn hok skjin makke hie en middeis nei skoaltiid sochten wy tegearre knineblêdden.

Gurbe wist alles fan my. Ik fertelde him myn famkesdingen dy ik oan nimmen ea sizze soe.

Der hat nea wer in ‘Gurbe’ west …

Ach… Krysttiid 1944.

De beamgrins

troch Posted on 9 Comments 1 min read 522 views

boomgrensWat wenje jim hjir moai., sis ik fol bewûndering tsjin goed kunde.

Grutsk litte se my hun appartemint sjen. Fan twa flats is ien grutte romte makke. En dan it ùtsicht… der fal ik hielendal foar.

Trije heech (“Wy woene net heger as de beamgrins. We wolle de seizoenen meimeitsje.”). En dan noch it ùtsicht op in breed wetter dat bytiden wyld oer de wal hinne klotst.

Ik kom alhiel ûnder yndruk thus fan wat ik sjoen ha.

“Ik wol ferfarre.” sis ik tsjin him.

Fernuvere sjocht hy my oan. “En do mochtst sa graach hjir wenje.” seit er ferheard. “Ja mar altiid simmers dy tùn. En dat ûnderhâld, it wurd my te dreech.” bring ik der tsjin yn. Ik sjoch yn gedachten it klotsende wetter, de loften, dy rikke oant de fierste kime.

Ik sit yn `e tùn en sjoch ynienen it Klysterpearke kuierjen. Dizze maityd ha se har nêst hân yn in âlde spjirrebeam. De twa grize dowen dy in LAT-relaasje hawwe. Roeken dy sljocht  binne op myn pankoeken.

En dan noch yn `e maityd de ferskate nêsten fan it lytse fûgeltsjeguod en ik de hiele dei as in ME-er efter de katten fan de buert oansitte moat.

Ik wit it nò fêst; ik bliuw ûnder de beamgrins.

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien