Fêst hâlde en loslitte

troch Posted on 1 Comment 1 min read 292 views


Naamloos-1-bewerktMei ik it buro hawwe?” freget de soan. “Wat wolst er mei?” seit myn man wantrouwich.

Hy is dea benaud dat it spul ûnder syn hannen wei helle wurd. Alles moat op it selde plak stean bliuwe.

“As ik it brûke moat, moat ik it yn `t tsjuster fine kenne.” seit er altyd. Dat hat noch wolris rebûlje jûn by ùs. Der ferskille wy noch al yn; ik bin ien fan oprêden .

Wat min in jier net nedich hân hat kin fuort. Behalve foto`s en brieven fan dierbere lju; dy ha ik bewarre yn in spesjaal kaske.

“Sil ik him mar ophelje?” seit er noch in kear. “Toe nò mar .” kom ik er tusken, it begruttet my om dy jonge. En sa stean ik noch alris tusken dy beide mannen yn. Hy behâldend en ik loslittend.

Do klaaist dy noch es ùt.” seit myn man faak. “Doch ik al,” sis ik; “ik ha krekt wer in sek klean fuortbrocht nei de Kringloop.” 

Ik ha de learskoalle fan it libben hân.Troch skea en skande moast ik somstiden loslitte wat net altyd sûnder pine en muoite gong  is. It hat groeden efterlitten en dy ha my letter behoede foar tefolle hechtsjen en fêsthâlden.

Fêsthâlde en loslitte. It sit yn in minske. It jout  rêst en feiligens …

Print Friendly, PDF & Email
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
piet hein oosterhagen Recent comment authors
  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
piet hein oosterhagen
Guest
piet hein oosterhagen

Wer sá moai Wokke! Mei ‘n stikje humor en ‘n tikje bittere pine… Dikke krûp!

Previous
Pinemûle

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien