Oerdriuwe

troch Posted on 0 Comments 1 min read 198 views

Untitled-1“Do moast nèt sa oerdriuwe.” seit myn man.

Ik ha in ôfwiking. Ik wit it sels duvelse goed. Ik kin net oer wredens tsjin bisten. Ik tink dat kieme yn de oarloch lein is do ùs heit myn knyn slachte.

Katten en hûnen dy mar raak fokten fong ik op. Kamen der tefolle dan makke ùs heit der in ein oan. As ik by myn skoansuster thus kaam moast se fan har mem in fette hin ùtsiikje en dy waard dan de nekke omdraaid. 

Mar dat wie do hiel gewoan. Testen op mûzen en ratten kin ik net oansjen ek al is dat ùteinlik foar it wolwêzen foar minsken. Myn freondinne is fegetariër en mijt alle fleis. Sels yn in bûljonblokje.

Is it oerdreaun? En dan noch; wat wurd de minske hjoeddedei net oandien? Hoe goed èk dat er in bistenpartij kaam is mar ùteinlik is elts ferantwurdlik foar alles wat libbet.

Alles wat libbet docht er it sines ta‘ seit in Frysk sangkje.

En sa is ‘t.

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Notify of
Previous
De leedsizzer

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien