Lokkich wèze

Op de doarmoatte leit de post. In folder fan de steatslottery en in tydskrift. Se lizze as bruorren neist elkoar. Fremd genôch gean sy beide oer lok. De steatslottery beloovje my mei miljoenen folle lok. Het tydskrift hat it oer geastelik wolbefinen ofwol lokkich file. Wat is lokkich wèze? Yn it wurdboek stiet ûnder lok [Lês mear »]

De Lege Knip

‘Ha jo ek kralen?’ freget in man oan it frommiske achter de kassa. ‘Nè’ , seit se, ‘Jo moatte sels mar sneupe.’ Efkes letter stiet er in mem mei in soan foar de toanbank. De jonge wol perfoarst alles wat glès is opkeapje. De mem is er eagenskynlik wat mei oan mar wol gjin heisa [Lês mear »]

De brêgewachter Eartiids wie alles écht better

In soan fan ús hat hiel lang brêgewachter -wipper- west op ferskate brêgen yn Fryslân. Prachtich wurk fûn hy dat. Direkt kontakt mei minsken.

Ien brêge wie syn favoryt. Dat wie in brêge wer wol gauris skûtsjeskippers lâns kamen. Dy ferfierden dan fean en túnmodder. Se kamen dan altyd efkes by him om in praatsje en in bakje kofje. Troch dat sy geregeldwei by him lâns kamen ûntstie er in wisse freonskip.

Der waard him fan alles ta betroud. Húshâldlike problemen thús as bygelyks it ferlies fan in bern. Mar as it wurk ôfrûn wie bleaunen de ferhalen yn it brègehokje achter, dat wie de ôfspraak.

Hoe folle moaie beroppen binne sa net ferdwûn.

Nim no bygelyks de wyksuster dy elke bewenner fan har omkriten koe. De molkekarre dy alle dagen lâns kaam mei syn boekje. De plysje dy yn it doarp wenne. De man fan de fersekeringen en de húshier; sy kamen eltse moanne lâns.

Om dan mar oer de postboade te swijen… Wat koe dy eltsenien. Hy sei gewoan tsjin myn mem: ”Jo krije moarn in iter..” Dat hie hy al fêst mar lêzen.

Mar jimme witte grif wol mear beroppen fan eartiids. Se binne allegearre fuort, de sosjale earmoed kaam der foar yn `t plak.

Dizze minsken fan eartiids binne de pylders fan ús bestean.

Ferjit se net!

Read more

Smoke Lit my dochs.

Binne jo ek in smoker? Wat mysels oangiet: ik moat it earlik ta sizze… ja. Mar sa as elke ferslave sis ik:  ‘Ja, ho es efkes, ik bin mar in smoute smoker!’ Mei oare wurden: it hat neat om‘e hakken. Sa folle smook ik net. Mar wat my it measte dwers sit is it kommentaar [Lês mear »]

Freonskip

Ha jimme ek freonen en hoefolle? As jo minsken der nei freegje, dan wurd er faaks sein: o, ik ha sa folle!  Mar ek wol wurd er sein: ik hoech  gjin freonen, ik ha net ien nedich. As ik by mysels nei gean, dan kin ik noch al wat minsken. Mar werom, wy wenje en [Lês mear »]

>