Memmetaal & it Heitelân Sa skande...

Wat is jimme taal? Is dat Frysk? As prate jimme Nederlânsk?

Myn bertetal is Frysk en der bin ik grutsk op. Werom?

Dû ik berne waard sei myn mem: “Wat binne wy bliid mei dy”.  Dû de grutte leafde yn myn libben kaam sei hy: “Ik hâld fan dy”. Dû myn heit stoar wiene syn lêste wurden; “jimme binne alles foar my”. Dû myn mem demint waard koe se allinne yn har berte taal kommunisearje.

En as it earste wurdsje Mem is…

Wer kinne jo je gefoelens better yn kwyt as yn je memmetaal? Jo emoasjes, fertriet, blidens mar ek jo lilkens… Dat kin allegearre yn jin bertetaal.  En sis no sels; yn net ien taal klinkt heit en mem as pake en beppe sa moai as yn it Frysk!

Mar ik meitsje my soargen oer ús taal.

By de basisskoallen krije de bern gjin Fryske taalles mear, de gemeenten hat er gjin jild mear foaroer. Jonge âlders, berne yn Fryslân, prate mei hun bern Hollânsk. Se binne bang dat hun bern achter bliuwe yn hun ûntwikkeling. Fan it selde praat de juffer op de beukerskoalle Hollânsk omdat er ferskate bern út in oar lân komme. Dochs is myn miening: lear se twa talen, dit is no hun heitelân. Myn bern hawwe goed Frysk leart wylds se mei oare talen yn oanrekken kamen.

In sikehûs yn Fryslân nimt allinne personiel oan dy`t Frysk prate as in kursus Frysk dwaan wolle by Afuk. Dea en libben lizze ommers deun byinoar.

Tink om dyn Fryske woartels… Do wolst se dochs nea ferleagenje?

LÊS EK:  It komt fêst wol goed foar dat ik in âld wyfke bin.....
>