Fan âld op nijjier

Binne jimme ek sa gear? Ik fiel my sa gear as bûter. As hie ik in wan op ‘e hûd  hân. En dochs haw ik my fannacht aerdich yn ‘e stringen hâlden. Mar dochs …..

We hawwe it âld jier ùtsitten bij de soanen op  it heechste flatgebou yn Fryslân. Sa wol yn de flat as der bûten wie it in tige enerverend barren.

De iene soan kaam mei in film dy ik nò noch net troch ha. En dan waar dy fertoant op de hiele muorre fan de wenkeamer. Se neame dat in  “beamer”, leauw ik. Lokkich siet ik goed stevich op de bank want it wie soms krekt  as wiene wy ek ûnderdiel fan de sciencefictionfilm dy spile yn de wyldernis fan Afrika. Do woene se gûrmetsje en nei de nodiche slokjes en it iten fan allegearre soarten rauw fleis -hoe bestiet it, net- barste bûten de hel los. Wy nei bûten. Fansels tochten ùs beide hûnen dat it ein fan ‘e wrâld wie. We hawwe se de earste ûren ek net wer sjoen.

Der stienen wy earste rang op de fiiftjende ferdjipping fan it gebou. Ik moat sizze; it wie in skitterjend gesicht. Oan alle kanten baande it fjûr los, prachtich kleuren en in ûnbidig leven.

It kaam efkes yn mij op dat  fan al dat jild wat oan it fjûrwurk spandeerd is ik der wol fan op fekânsje  kint hie  nei dat lân fan de “sciencefictionfilm”.

Mar tradysje is tradysje en werom net? Allinne myn bruorren diene it mei molkbussen en aerdiche grappen. Mei jierdei`s hawwe it er noch wol ris oer en ha  de grutste wille. Ien grap wit ik noch: by it ienigste parkje wat ùs doarp  riik wie stie in buordsje mei de tekst: “Ien stap tebek en jo binne op it rjochte paad”. En dat buortsje stie de snein derop  by de yngong fan de tsjerke.

Soene hja it begrepen ha

One Comment on “Fan âld op nijjier

  1. S1m0ne en ik hawwe it tige nei us sin han, ofronne aldjiersjoun! Erg gesellich!

    Ik ha d’r nog mar wat fotootsjes bij stten, da’s wol een moaie herinnering liket mij 🙂

    Mar ontopic; goed stikje. En een goeie grap; tsjinwurdich wurd alles mar sloopt en kapot knal;t. Dat wie yn die jirren wol oars tink ik.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien