Unferdraachsumens Wat is er mei ús oan'e hân?

Wat is er dochs mei ús wrâld oan’e hân? Hoe kin dat no dat der sân ûnferdraachsumheid tusken folken bestiet?

No wurde de Kopten -kristenen- út Egypte wer ferfolge en bedrige. Altyd is er wol earne op de wrâld geweld tsjin minsken dy oars leauwe as oars tinke.

Mar wy kinne der ek wat fan. Nim no Amsterdam, wer `t homo`s hast net mear feilich de strjitte op kinne. Wer`t Joadse minsken, yn dy selde stêd, hun keppeltsje net mear doare te dragen. Wer`t in doarp yn Fryslân in joadske húshâlding fuort pest hat.

Wat is er mei ús oan’e hân?

Hoe tinke wy yn ús neiste omkriten der oer? Wy hawwe minsken om ús hinne wenjen út ferskate lânen op’e wrâld.

In Surinaamse buorfrou, in húshâlding út Irak, in Poalse frou en ien út it Bosnise. Us beste freonen binne homo, en we hawwe freondinnen dy lesbysk binne. Wy ha der nea by stil stien want we kinne inoar al jierren.

Wat ferbyldzje wy ús wol? Wa binne wy dat wy ús boppe oaren stelle kinne?

It is goed om te hearren wat er yn de wrâld geande is, mar bliuw wol tichte by hûs. It bardt ek yn ús strjitte. Soene wy net yn it lyts sjen litte kinne dat wy oars wolle? Dat wy net wolle wat ús oandien wurdt, wy it oaren ek net oandwaan wolle?

In âld Frysk sechje seit; “De wrâld.. dat binne wy mei inoar…”

LÊS EK:  Onder De Linden
>