It hearren en sjen fergiet je as de pendule slacht. It is krekt as slacht de klok fan‘e toer út myn doarp.
Myn man kin him der ôfgryslik oan steure. Sit hy nei it nijs te sjen en troch al dat leven fan dy klok hat hy hiel wat wrâld ellinde mist.
Mar ik ha wat mei dy pendule.
Myn heit en ik ha him yn de oarloch op de fyts ophelle. En betelle mei bûterbonnen. Ik wit it noch as de dei fan juster. De goudsmid en syn frou wiene foar de helte joadsk. Hja hiene honger en wiene dea benaud. En as je lyts binne jout dat grutte argewaasje.
En no nei santich jier hat hy noch nea foart west te meitsjen.
Dan ha wy yn dy selde keamer noch twa klokken. De iene is in regulateur en de oare klok is in Zaanske, erft fan in leave muoie. By de regulateur is ek in ferhaal.
Myn muoike útfanhuze as lyts famke by famylje. De hiele nacht hearde se klokken slaan. Doe`t sy de oare moarns in kopke tee op bêd krige, sei se: ‘Wat ha jimme in klokken en allegearre ha sy in oare slach en in oar lûd.’
‘Welke wolst ha?’, waard har frege, ‘do moast him sûnder te sjen op it lûd útsykje.’
En dat waar de regulateur, se hat him jierren letter oan my neilitten. In neitins oan in dierber minske.
De Zaanske klok ha wy ek erft mar dat seit ús net safolle. Wy binne mear fan de Fryske klokken. Klokken kinne jo net sa mar keapje; jo moatte der in bân mei krije. In klok moat in hert en skiednis ha.
Myn man moat mar in eartelefoan oanskaffe. De klokken sille fan hun hearre litte fan slachte oant geslacht.
Ik kin mij foarstelle dat it gelud fan de Pendule hem stoort mar da’s meer fanwege syn besteande eartelefoan; dat komt hurder oan mei san ding.
En derom fyn ik eigenliks dat de Pendule mar bij mij thus hingje moat. Kin us Memmeminske der sa no en dan nei lusterje 🙂
dat komt wol fan slachte oant geslacht, wist wol!
In prachtige oplossing fan Durk,de klok mar nei Rotterdam.
Dan kin Heit rustich nei it nij`s lùsterje.
Moai forhaaltsje.
Joke, ùs Durk wit oerâl wol in oplossing foar,dat is sa hândich, dat hat hy fan myn kant fansels…..
Mar ik bin dan ek it folkgende geslacht 🙂
Hoi Joke!
Nu weet ik waar de voorliefde voor klokken vandaan komt bij Soan D. Dat vraagstuk is nu opgelost. Maar nu zou ik graag nog willen weten waar zijn verzamelwoede voor lampen vandaan komt 😉
Zijn moeder komt nog uit het Carbid en Petroleum tijdperk, daarna het Peertje en nu zit ze veel bij een waxinelichtje vandaar………….
Dat verklaart alles. Moeder en soan zijn gewoon gek op sfeerlicht. Ikzelf ook hoor en dan idd het liefst kaarslicht. Fijne zondag Mem!
Jij van het zelfde, alhoewel het al bijna voorbij is. Een prettige zondagavond samen bij kaarslicht.