Binne jo ek in smoker? Wat mysels oangiet: ik moat it earlik ta sizze… ja. Mar sa as elke ferslave sis ik: ‘Ja, ho es efkes, ik bin mar in smoute smoker!’
Mei oare wurden: it hat neat om‘e hakken. Sa folle smook ik net.
Mar wat my it measte dwers sit is it kommentaar fan de minsken om my hinne. Ha jimme dat no ek? Min kin gjin oanrin krije, as der komt in warskôging: hoe min it smoken is en hoe gefaarlik.
Fan it selde lekken in pak is it mei de drank. Sa gastfrij as ik bin bied ik minsken wol ris in wyntsje oan. Ek dan komt er in warskôging, dat drank sa ferwoastend wêze kin.
As ik mei de hûntsjes te rinnen gean, sjogge se my nei en dan fiel ik de ferwitende eagen: soe sy de stront fan har Jack Russels wol oprakke? Wat is dat dochs dat minsken sa op inoar passe moatte?
Myn reaksje is dan faaks; it is myn saak, it is myn libben en ik doch wat ik doch.
Ik lit in oar ek frij. De minsken om my hinne meie dwaan en litte wat se wolle, it is hun eigen ferantwurdlikens.
Fansels is alles sûnder mjitte net goed. Te folle smoke, ite as drinke, dat is ferkeard. Dat witte wy allegearre wol. Mar soene wy net better mear om inoar bekroadzje moatte dan te beskoalmasterjen?
Wy hiene thús in piperekje mei de tekst: ‘Een tevreden roker is geen onruststoker.’ En in oare sei: ‘In vermaak of verdriet, vergeet uw pijpje niet.’
En as it skimerich waard smoke myn heit in pipe, myn pake naam in prûmke tabak. Dat wiene noch es tiden. Wat wisten hja fan miljeu as sûnens…
Het draait veelal om het eigen ego, dat is jammer. Al zou iedereen vanuit het hart leven, ziet de wereld er een stuk beter uit!
Der kin ik ek net tsjin; dat betutteljen. Lit mekoar(?) yn waarde en de wrald sjocht d’r een stik better ùt. No binne wij, as famylje, dochs eigenwiis genoch dus litte wij ùs net safolle fertelle troch oaren 🙂
Bliuw mar lekker sa. Da’s goed foar de gemoedsrèst en de ynspiraasje foar dit soarte stikjes 🙂