Blèdblazer

“Ik wol in blèdblazer…“, sis ik tsjin myn man; “Ien dy`t alles by elkoar blaast en opsûget.” “Moat dat nò?“; freget er mei in grutte tear yn syn holle; “Wy hawwe hast wol in dozyn tùnklauwers en harken.” “Ja“, sis ik; “mar ik moat  it allegearre beskreppe.“ Ik  begjin my te ferdedigjen. “Wist wol wat [Lês mear »]

It libben fiere

Yn de âlde pastorije fan de Herfoarme tsjerke fan myn doarp ha wy it libben fiert. Myn skoansuster waard tachtich jier en dat ha wy witten. De hiele famylje, buorlju, goedkunde en wa`t mar koe kaam er op ôf. Hja hawwe dan ek hun hiele libben lang  yn it doarp wenne. Troud, bern krigen en fan [Lês mear »]

Eigen wei, eigen wize…

Nei oanlieding fan it jubileumjier fan de Menisten hat Tineke Torensma dit gedicht makke oer twa eigenwize leauwigen. Menno Simons in roomske pastoar en it earste domineeske Anne Zernike. Menno, een man met een missie:   een mens die zijn eigen weg is gegaan.Wars van dogma`s en van pressieleerde hij zelf Gods woord verstaan. Menno,een man van [Lês mear »]

Ferdivedaasje

Nei in hertlike hândruk fan myn toskedokter gean ik achteroer lizzen. Yn spanning wachtsje ik ôf wat syn konklúzje is oer de stân fan myn gebit. Ik bin in bytsje senuweftich, nèt  iens sa oer myn gebit mar mear noch om wat it kostje moat. As ik efkes myn mûle spielle moat freegje ik hoe [Lês mear »]

Wyksuster

Dèr fleant se wer hinne, op `e fiets troch ùs doarp: de wyksuster. Waar as gjin waar, sy hearde yn it doarpsbyld. Ik sjoch se noch by ùs thus kommen yn in grize as blauwiche jurk mei wite skelk en in wite doek om ‘e holle. Dèr kaam noch by, se wie fan Surinaamse ôfkomst [Lês mear »]

Oantinken

Hjoed, twa oktober, is foar my in dei fan oanktinken. Wy hawwe in muoike hân dy wy nea ferjitte kinne; in bysûnder minske. Myn earste moetsjen mei har wie op myn troudei. Sy wie de earste dy sei; “Fan herte wolkom yn ùs famylje.” Dat klonk sa warm hertlik en oprjucht! En sa is it [Lês mear »]

Trystens

Ha jimme juster ek foar de telefysje sitten en nei de troanrede heard? Ik hie al gau myn nocht en koe de trystiche taspraak fan de keninginne net lang oan hearre. Dèr oerhinne kamen de menisters en de minsken dy der ferstân fan hiene oan it wurd. En as jo hun leauwe moatte dan komme de [Lês mear »]

Moai Gaasterlân

De famkes fan Contact binne op reis west. Ien kear yn`t jier gean hja mei elkoar op stap. Nei dat wy ùs om healwei tsjienen by de tsjerke fersamle ha, gean wy op wei. Fyftsjin froulju yn fjouwer auto`s. It doel is Gaasterlân en Staveren. De earste kofjestop wie yn Aldemardum, spitich wie it net terraswaar [Lês mear »]

Skoalreiske

Foart nei de oarloch, ik sil san tsjien jier west ha, hie ik myn earste skoalreiske.En wol mei de fèwein fan Louw Visser. De wein waard skrobbe en twa lange banken waarden lâns de kanten set. Der koenen dan de skoalbern op klimme en sa troch in kier nei bûten sjen. En de feilichheidsfoarskriften, der [Lês mear »]

Ùtlitte

Healwei kom ik myn buorfrou tsjin. Hja ferteld dat se mei man en bern nei Curaçao west is. It hele jier wurd dèr foar sparre want de femyljebânnen binne hiel hecht. Se hat my al es korrizjearre want ik  hie it oer Suriname mar dat hie ik mis: it wie Curaçao en dat is hiel [Lês mear »]

>