Moai Gaasterlân

De famkes fan Contact binne op reis west. Ien kear yn`t jier gean hja mei elkoar op stap. Nei dat wy ùs om healwei tsjienen by de tsjerke fersamle ha, gean wy op wei. Fyftsjin froulju yn fjouwer auto`s.

It doel is Gaasterlân en Staveren. De earste kofjestop wie yn Aldemardum, spitich wie it net terraswaar mar it gebak makke alles goed. Dû nei it natûrmeseum Mar en Klif. Nei dat wy in spektakulère film sjoen ha fan hynders en dûnsers giet it fjierder. Op nei Himmelum wer`t wy in prachtiche tûn besjen mochten en plantsjes keapje koenen. It stel froulju wie yn tiid al fleuricher wurden en de iene koe it al moaier opsizze as de oare.

Yn Staveren krygen wy in rûnlieding fan in entûsiaste gids, dy ùs alles fertelde oer de stèd, mar bytiden mear nocht hie oan syn harkers dan oan de âlde gebouen. Nei dat wy de Toankamer Ponthus en in galery besjoen hiene, foelen wy deawurch op in terrasje del oan sè. En sa kamen wy lang om let yn it wokrestaurant op ‘e Jouwer.

It wie wol wat oan ‘e lette kant dû ik thus kaam mar myn man is wat went en sjocht nearne raar mear fan op.

Wat ha dizze famkes fan Contact in moaie dei han. In dei fan wille en ienriedigens. Wy doche it es wer…. 


Grotere kaart weergeven

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien