Minsken

Op kursus: fuortsetting

trochPosted on 0 Comments1min read1009 views

It is al wer in pear dagen allyn dat ik mei it frommeske fan de bouwferieniging skille oer de wetterkraan. Ik hie neat mear heard dat ik tocht, ik sil es ynfermearje as de leadjitter al ùt stùdearre  is...

Nei dat ik it nûmer drukt hie seit de elektronyske  stim:  "Nr. 1 is foar is Riolearring; Nr. 2 is foar Glèsskea; Nr. 3 is foar C.V. steuringen en Nr. 4 foar oare  fragen." "Dy moat ik ha.." en sa kry ik nei dat ik it hiele lân sawat troch west ha de leadjitter sels oan de line. Ik bear wakker dat ik him einlings te pakken ha. Mar hy begrypt neat fan it oerèmis mins . Mei folle ôfhâldenheid seit hy: "Wy hawwe net mear in leadjitter yn tsjinst foar dit soart saken, dat wie eartiids sa." Myn anderd is; "Werom moasten jo dan op kurses?"

"Der binne wichtere saken foar yn`t plak kaam, Frou.."

Der sit neat oars op as myn man moat ûnder de flier want dy kraan sil der komme! Mar ik wit net;  hy kin wolris stykjen bliuwe syn omfang is grutter as de romte ûnder de flier...

Frachtrider

trochPosted on 0 Comments1min read932 views

Lûd klaksonearjend giet ùs buorman mei syn frachtauto nei Frankryk. Sneins giet er foart en komt tsjin it wykein wer thùs. Mei it selde ritueel toeterjent en as it donker is gean de koplampen oan en ùt.

Wy binne bliid dat hy wer heel thùs kommen is. Hy docht foar him sels, hy kin net in baas boppe him fele, seit er. It is in jûkel fan in frachtauto: in Scania. Hy fertelde my dat hy sechtjen meter lang is en as hy leech, is fjirtsjin ton swier en as hy laden is weaget er fjirtich ton. Fan alles ferfiert er; karton, lege grienteblikken, jirpels, pampers, frouljusferbân en kowehûden. De lading komt oeral wei: ùt Amsterdam, Deventer, Beilen en noch folle mear plakken ùt Nederlân.

Bytiden sit hy ek wol ris yn 'e knipe as hy oernachtsje moat op in parkearterrein. Fakentiden siikje sjaufeurs mekoar op foar de gesellichheid mar ek foar de feiligens. Foar in soart is it miskien in jongesdream mar it is in grutte ferantwurdlikheid om de lading feilich te plak te bringen.

Dèr is hy wer, ùs buorman, lûd toeterjend en wiuwend. Wy kinne ùs wer restich deljaan want de frachtrider is thùs.

En ik mei es in ritsje mei, hat hy my ûnthjitten... '


Komplimintsje

trochPosted on 2 Comments1min read1058 views

"Sjochst ek wat oan my?"; freegje ik myn man. Ik stean om him hinne te swaaien en wachtsje op in komplimint. "Stiet dy goed..." is syn anderd; "Hast dat allang?" Ik freechje in freondinne, grutsk as ik bin; "Hoe fynst de tûn?" "Do moast dyn gers net te koart meane" seit hja.

Eartiids dû ik in famke wie holp ik wolris in boerinne. Dy sei dan; "As ik har in kompliment jou rint se noch hurder" As in dominy earne preke hat seit min tsjin de man; "Wy ha jo wol minder heard as jo meie wol ris werom  komme."

Wat is dat nò? Werom jou`e wy mekoar op 'e tiid net in komplimintsje? Is it  ùs Fryske folksaard as by tiden oergeunst? As is min benauwd dat je nest jo skuon rinne sille? Jou elkoar mar es in skouderklopke as in komplimintsje. Dat is goed foar jo eigenwearde....

It strûpt net

trochPosted on 0 Comments1min read936 views

Wat is dat dochs tusken minsken? Hollanders sizze: "Het klikt niet tussen ons".

Je moetsje ferskate minsken yn jo deistiche bestean. Mei de iene strûpt it en de mei oare, dy jo al jirren kinne, akkordearet it net. Ik freechje my ôf hoe kin dat?  Wy sizze al gau: "Wy lizze mekoar net." Mar is dat sa? De iene komt jo iepen te mjitte en de oare stelt him ôfwachtsjend op. It blykt  faaks wol as min dy persoan better kin dat jo partidich west hawwe. Myn soan seit wol ris: "As ien my net leie mei, nò dat is syn probleem. Mines net." Mar der bin ik it net mei him iens. Ik besiikje my iepen te stellen foar eltsenien. En as dat net slagget, dan besiikje ik der wat oan te dwaan. Wy minsken binne allegearre ferskillend mei ferskate eftergrûnen en karaktereigenskippen.

Want wat is boeiender dan minsken? Net ien is gelyk...


Anonymiteit

trochPosted on 0 Comments1min read1023 views

"Wat is jo bertedatum?" seit de doktersassistinte. Ik bin al jierren by de selde hùsdokter mar myn namme is bertedatum. Sa is it ek mei sikenhûs as fysiotherapeut, oeral hat min gjin namme mear mar in bertedatum. Wy binne nûmers wurren.

Wy hjitte nò -www.@.nl - bertedatum as postkode. En dan noch as je immen oan de telefoan ha moatte is dat in ramp.  Jou je dan mar lang ùt del op de bank. De dame as heer yn kwestje har earste fraach is de postkode, jo hearre har tikjen op de pc.  Ik freechje my benaud ôf: soe ik der wol yn stean?  Lokkich ha ik op skoalle leart oan`t fjouwer te tellen. Wit hoe faak moat ik 1.2.3.4. drukke. Soene hja twifelje oan myn ferstân... Wer gean wy mei elkoar hinne freechje ik my wol es ôf?  Soene wy yn de takomst hielendal net mear witte hoe wy hjitte? Moat ik myn buorman mei syn postkode as syn apestutsje roppe ?

Ik doch der net oan mei , ik ha fan myn Heit en Mem in moaie namme krigen en der mei ùt...

Kanker

trochPosted on 1 Comment1min read1204 views

Mei in pûde sinappels ûnder de earm bin ik ûnderweis nei in freon. In dierbre freon dy ik al hiel lang kin. In skoft allyn krige hy te hearren dat hy prostaatkanker hie. It slûch by ùs yn as in tongerslag.

De earste reaksje wie dat kin net hy sjocht der sa goed ùt!  Mar dochs wie it sa, hy hie al in tiid klachten mar ja - ik wurd âlder sei hy, dan dat heard er by- . Nei ferskate gemyske terapyen en medisinen is hy wer thùs. En sa gean ik op besite mei lead yn 'e skuon. Wat moat ik tsjin him sizze? Moat ik him opfleurje en bemoedigje? Mar it pakte hiel oars ùt. Hy stiet my al op te wachtsjen, fleurich sa as altiid. Wat ha ik in moaie middei hân. En wat ha wy in goed petear hân.

'Kanker..' seit er; 'in oar kryt it ek. Werom ik net? Jimme binne noch lang net fan my ôf...'

Ik gean nei hûs mei in bliid gefoel, ynpleats fan ik him hat hy my opfleure. Fyn om san posityf minske as freon te hawwen.

 

Fryske nammen

trochPosted on 0 Comments1min read1144 views

In jier as wat allyn erfden wy fan in muoike in bysûnder bibeltsje mei leren kaft en sulveren beslach. It kaam ùt it jier 1831 en wie bedoeld as geskink foar it breidspear. Namme en tanamme, berte- en stjerdatum stiene mei grutte letters yn notearre.

Faak tocht ik; wa soene dy minsken west hawwe? Minsken boeie my. Oan't wy op begraffenis moasten nei Nijegea, Smellingerlân. Sa as it eartiids wisânsje wie, moasten wy trijes om it tsjerkhôf rinne. Wylds wy stean te wachtsjen falt myn each op in grêfstien. Mei in skok sjoch ik de nammen fan it echtpear ùt it troubibeltsje. Tsjeard en Tryntsje binne hjir te hôf brocht yn 1900.

Troch de Fryske nammen ha wy har wer fûn. Ùs soan hjit ek Tsjeard, ferneamd nei syn oer oer Heit. Wat is it moai om in Fryske namme te dragen en om nei Heit en Mem as Pake en Beppe ferneamd te wèzen. As ik soms hear hoe Fryske âlders hun bern ferneame nei pop- as filmstjerren, dan fyn ik dat begrutlik. Dizze bern sille nea hun skiednis, hun histoarje efterhelje kinne.  It binne net altiid moaie Fryske nammen dy men yn de famylje hat mar der is fèst wol wat op te finen.

Nim nò ùs Doutzen. Har namme giet oer de hiele wrâld en wat binne wy der grutsk op ist net wier...



Op besite

trochPosted on 1 Comment1min read1212 views

Der sitte wy dan iere betiid yn ' e auto fan de soan. Wy sille op besite nei in oare soan dy om ùtens wennet. Meastentiids komt hy hjir hinne mar no hiene se betocht: it moast mar oars om. Mar dat is altiid in hiel geregel want wy hawwe twa hûnen en hy hat trye katten. En it snoade is: se kinne hielendal net mei elkoar opsjitte. Foaral Max, dy wy eartiids ùt Jobbegea helle, ha is oars sa gemoedelik en guodlik mar dy katten mei hy perfoarst net lije. Miskyn sit der wol âld sear, witte jimme it? Dû ha ik de buorren mar frege, sy woene wol oppasse.

Sa dwaande gean wy op wei, myn man efteryn. Hy hat altiid sels riden en nò moat hy it oerlitte en dat fynt hy mar neat. Der wie net ien dy better ride koe as hy, fynt er. Ik jou my del en genietsje fan it prachtiche lânskip dat oan myn eagen foarby giet. It koalsiid stiet yn bloei yn kleuren der`t in skilder net oan tippe kin. Sa sit ik te mimerjen en foar dat ik it troch ha binne wy te plak. Nei de kofje giet de barbecue oan en mei in wyntsje der by fleant de dei om.

It wie in dei mei in gouden rântsje.

En wat de hûnen oanbelanget sy binne noch nea sa folle ùtlitten , minsken en bisten binne dik tefreden wat wolle wy mear !


Sjouke de Zee| 1867-1954

trochPosted on 0 Comments2min read1509 views

Op de grutte souder fan "Woudlust" leit in jonkje fan amper acht jier plat op 't liif te lèzen.

Hy hat in tsjok boek foar him lizzen. Mei koperen heaken en hoekstikken yn in âld learen bân.

It is de Fryske steatebibel mei prachtige printen yn Goatysk skrift.

Sa jong as hy is wit hy al wat hy letter wurre wol: dûmny. Hy wol grutte kloften minske tasprekke, hun oansprekke op hun idèalen.

Net ien fertelt hy fan syn dreamen want se soenen him ùtleitsje.

Dat jonkje hjit Sjouke.

Sjouke hat seis bruorren en ien suster. Syn heit hie earst in lyts spultsje fan sân kij, troch in erfenis kamen se op de grutte pleats "Woudlust" te wenjen yn Boarnburgum.

Troch de delgeande tiid fan de tachtiger jierren moat de pleats foart. Sjouke wurdt earst skuonmakker en dan boerefeint. Mar dan kin hy him ûntwikkelje. Oerdeis hurd wurkje en jûns der op ùt om te sprekken. Hy had yn syn libben njoggenhûnderdfiiftich taspraken hâlden.

Twa kear reizige hy ôf nei Friezen-om-ùtens mei de boat de grutte oceaan oer nei Amerika.

As politikus bringt hy it ta gemeenterie en steatenlid foar de S.D.A.P. Hy wurdt dichter en skriuwer en begjint toanielstikken en revues te skriuwen dy oeral yn Fryslân opfiert wurre. Der ferskynt de iene nei de oare gedichtebondel mei prachtige pintekeningen.

Op 29 Juni 1954 komt er in ein oan it libben fan dizze grutte Fries en sosjalist: Sjouke de Zee. Wy binne him tige tankber dat hy syn libbensferhaal oan ùs neilitten hat.

Facebook/Twitter

trochPosted on 2 Comments1min read1212 views

In soan sei tsjin syn mem: "Wat ha ik in freonen. Ik ha noch nea sa folle hân..."

"Wer binne dy dan?", freget syn mem.

"Op Facebook en Twitter", seit 'r.

"Kinst sto dy dan en wisto dan wa dat binne?"

"Ja, we twitterje alle dagen."

"Mar," seit de mem, "hast se wol es sjoen as mei hun praten?"

"Ja hear, der stiet in foto by... "

Myn soanen skine ek op facebook te sitten en ek te twitterjen. Ik besiikje my der yn te ferpleatsen -want ik wol by bliuwe fansels- en dit fenomeen begripe. Mar as ik al dy berjochtsjes lèz, dan snap ik der neat fan. Wat kin it in oar skille as ik kofje set as yn de sinne sitte wol?

Doe  Egypte yn oarloch rekke en de oerheid slùte it internet ôf, koene wy  alles folgje fia Facebook. Ek troch twitterjen bleunen wy  fan 'e sitewaasje op 'e hichte.  Geweldich, wat in ùtfining. Mar sa as it mei alle nije ùtfiningen giet, min moat er wiis en ferstânnich mei om gean.

Wat sil ik jûn foar reaksjes krije...