Trystens

Ha jimme juster ek foar de telefysje sitten en nei de troanrede heard? Ik hie al gau myn nocht en koe de trystiche taspraak fan de keninginne net lang oan hearre. Dèr oerhinne kamen de menisters en de minsken dy der ferstân fan hiene oan it wurd. En as jo hun leauwe moatte dan komme de tritiger jierren dèr wer oan. “Soe it sa min wurde kinne?” freechje ik my ôf.

Wy hiene eartiids yn ùs doarp in earmenmeester dy by guon minsken lâns gong en hja wat lùziche neazige sinten brocht. Elkenien yn ùs doarp wist wa dat wie en  hja waarden dèr ek op oansjoen. Op in dei kaam ùs heit thus en sei: “De earmmeester hat my oanhâlden en frege as hy ek helpe koe…” En grutsk sei er “Sa lang as ik libje sille wy jo noait nedich ha!

Ach, wat wie dy man grutsk. Hy hat it ùs altyd  foarhâlden nèt de hân op te hâlden. “Want dan binne jimme ôfhinklik en nèt mear frij yn jimme dwaan en litten.” Mar lokkich binne dy tiden allang foarby en dat sil noait werom komme… dèr leauw ik hillich yn.

Ik moat mar es in nij huodsje keapje, tocht ik sa. Mar nèt fan dy nuversoartigens as dy froulju droegen mar ien der`t ik prûs en tsep fan wurd.

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien