Oplichterij

troch Posted on 1 min read 73 views

Mevrouw, mag ik even binnen komen?

By de doar stiet in jonge man. Op syn jas printet it logo fan Eneco, in enerzjybedriuw. Ûnder de earm hat hy in grutte leren map. Ik freechje him wer `t hy foar komt. “Welke stroomleverancier heeft U?“, freget er. “Och , hearkes…”, tink ik; “Folgens de konkurrinsje kinne wy  it noch suneger oandwaan“. “Nò…“, sis ik; “Wy binne al hiel lang by it Nuon en dat befalt goed.

Maar mevrouw, ik moet de meterstand opnemen. Weet u niet dat het Nuon en Eneco gefuseerd zijn ? U moet dat wel weten want daar heeft u bericht van gehad en dus moet ik bij u binnen zijn.” As waart it my ynjûn tocht ik: “Dit hat luzen.” En mei berettens sis ik: “It bliuwt sa as it is.” en doch de doar ticht. “Ik kom morgen terug!“, ropt hy noch; “en anders overmorgen!

Sa skilje ik efkes letter mei it Nuon en der wurd my sein dat er oplichters dwaande binne. Se komme earst om it hiele hear en fear oer te sjen en dan slane se hun slag. Op hja oanriden skilje ik mei de plysje en dy seit ta om der achteroan te gean.

Dus minsken tink er om jimme binne warskôgge !..

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
gelfke
Guest
gelfke

It liket my it bêste, dit by de plysje oan te jaan, dan kinne sy soargje dat it fierder yn`e iepenbierheit komt
èn dizze doagenieten oan te pakken en te beboetsjen!
It is in roege wrâld;-)))

groetnis,

Previous
Hands reaching across borders

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien