Minsken

Artikel 16

troch Posted on 0 Comments 1 min read 528 views

Nei oanlieding fan in artikel oer "Kneppelfreed" yn  de Feansterkrante moast ik oan twa molktapers tinke. Yn it stik waart ferhelle hoe Wiebe van der Hoek en syn kollega Jean de Leeuw op hun karre molke en sûpe hiene stean. Hja waarden bekeurd troch in kontroleur fan de keuringtsjinst fanwege artikel sechtsjin . Nei in pear warskôgings moasten sy foar komme. Ek yn de rjochtbank praten de beide manlju Frysk. Wer op de rjochter sei: "In de rechtbank spreken wij Nederlands." It andert fan dy beide  wie; "Wij kinne net Nederlânsk en fersteane it ek net." Hja waarden troch de rjuchter skuldich befûn maar krigen gjin straf.

As de dei fan juster sjoch ik de beide molkekarren foar my. Op in ynkele ynwenner nei dy it mar in hiel gedoch fûn, stie hiel Boarn achter dizze helden want sa waarden sy besjoen.

It is 1948 de striid om de Fryske taal is begong. Kneppelfreed komt der oan. Yn it jier 1951 steane twa sjoernalisten foar de rjochtbank. De striid om de Fryske taal te brûken foar it gerjocht is yn gong set.Tank sy dy twa molktapers en twa sjoernalisten : Fedde Schurer en Tjebbe de Jong meie wy ùs hjoed de dei yn it Frysk ferdidigje.

Ùs mem freget om in heale mingel molke en in mingel sûpe, skriuw mar op seit se, myn man komt sneon wol te beteljen....

Respekt

troch Posted on 0 Comments 1 min read 425 views

Ik stap yn Grou op de trein en omdat ik yn it Fean der wer ùt moat wol ik by de ùtgong sitte. Mar dat falt tsjin, de romte  stiet grot fol. Minsken dy yn Ljouwert wurkje, studinten en dan noch de minsken mei hun optearfietsen, se wolle allegearre nei hûs. Ik stap yn en foart en daliks gean der twa  jonge manlju stean en meitsje plak foar my. De iene jonge seit; "Oer fyftch jier hoop ik dat minsken ek foar my oer ein gean..."

Yn ienen begjinne se troch elkoarhinne te praten. De jonge mei read hier seit; "Dan binne der gjin treinen mear mar raketten." In grutte lange fint seit: "Wol nè, dat is dan allang wer achterhelle." En sa giet it petear troch. En foar dat ik it troch ha docht it âlde minske op it klapstuoltsje mei oan it filosofearjen oer de takomst.

Respekt: hoe sa mei dwaan oan de takomstdreamen fan jonge lju, samar yn in grot folle trein....


Blèdblazer

troch Posted on 2 Comments 1 min read 577 views

"Ik wol in blèdblazer...", sis ik tsjin myn man; "Ien dy`t alles by elkoar blaast en opsûget." "Moat dat nò?"; freget er mei in grutte tear yn syn holle; "Wy hawwe hast wol in dozyn tùnklauwers en harken." "Ja", sis ik; "mar ik moat  it allegearre beskreppe."

Ik  begjin my te ferdedigjen. "Wist wol wat dat my oan energy en fermogens kostet?" Ik begjin -sa as froulju dat allinne mar kinne- op syn gefoel te wurkjen. "Ik bin ek nèt de jongste mear. Dò moast sùnich op my wèze." "Sa hie ik it noch net besjoen.", seit er. En ja hear: yn in folder fyn ik in prachtiche oanbieding. En sa kry ik myn man ek entûsjast.

Efkes letter stiet it apparaat klear om yn elkoar set te wurden. Mar dan komt it; myn man kin net ùt de ynstruksjes wiis wurde. It stiet er yn alle talen mar nèt yn it Nederlânsk -lit stean yn it frysk-. En ik bin ùt noch yn nèt technysk. Mar wer nei buorman Geart ta.

"Minske," seit er; "Dat ding is fierste grut foar jo. Dit is in apperaat foar de gemeente." Hy leit ùt dat ik in feilichheidsbril op ha moat, doppen yn de earen en moffen oan. En dan moat ik it  hiele saakje op myn rech fèstbine. 

"Sille wy him mar op Marktplaats sette?", freegje ik myn man...

It libben fiere

troch Posted on 0 Comments 1 min read 506 views

Yn de âlde pastorije fan de Herfoarme tsjerke fan myn doarp ha wy it libben fiert. Myn skoansuster waard tachtich jier en dat ha wy witten. De hiele famylje, buorlju, goedkunde en wa`t mar koe kaam er op ôf. Hja hawwe dan ek hun hiele libben lang  yn it doarp wenne. Troud, bern krigen en fan alles dèr belibbe, ek mei de ynwenners fan hun doarp.

Nei in hapke en foaral in drankje waard er troch de bern hiel wat anekdoates ophelle. Wat wie it gesellich de measte doarpsgenoaten koe ik noch. En hja my. Myn man, dy`t ùt  hiel oare omkriten komt, begrypt neat fan myn gefoelens mar sokke tiden... dan kom ik wer thùs.

Dit is myn doarp wer `t ik berne en opgroeid bin. Myn jongste oantinken oan dizze pastorije is in dei fan buolguod. De dûmny wie stoarn en de bern hâlden buolgoud. Ik mocht mei myn heit mei en midden yn it doarp stie de hiele brot fan de pastorije op 'e dyk. Sa kamen wy mei in prachtich âld kastje thùs wat nò noch te pronk stiet yn ùs hûs.

Wy hawwe hjoed it libben fiert en hope dat sa lang mooglik te dwaan...

Eigen wei, eigen wize...

troch Posted on 0 Comments 1 min read 556 views

Nei oanlieding fan it jubileumjier fan de Menisten hat Tineke Torensma dit gedicht makke oer twa eigenwize leauwigen. Menno Simons in roomske pastoar en it earste domineeske Anne Zernike.

Menno, een man met een missie:   
een mens die zijn eigen weg is gegaan.
Wars van dogma`s en van pressie
leerde hij zelf Gods woord verstaan.

Menno,een man van de vrede,
een mens in het licht van zijn tijd,
brak met de schijnzekerheden;
geloofde in Gods bereikbaarheid.

Eigenwijs een eigen weg gaan;
dopers credo in deze tijd.
Daadkrachtig in de wereld staan,
in vrijheid en verbondenheid.

Anne Zernike, vrouw van het woord,
eigenzinnig voerde zij strijd;
ging haar eigen weg onverstoord,
heeft voor vrouwen de weg bereid.

Dominee Anne, vrouw met moed,
rebels met eigen geluid,
Predikte `t dopers gedachtegoed,
Anne, zij was haar tijd vooruit.

Eigenwijs een eigen weg gaan; 
Anne sette de eerste stap
Vrouwen, ze staan nog steeds vooraan;
Zij zijn de kurk van de broederschap.

Sa gean de menisten op hun "eigenwize" op wei,  Jezus Kristus as fûndamint.

ôfbyldingen | site jubileumjier

Ferdivedaasje

troch Posted on 0 Comments 1 min read 486 views

Nei in hertlike hândruk fan myn toskedokter gean ik achteroer lizzen. Yn spanning wachtsje ik ôf wat syn konklúzje is oer de stân fan myn gebit. Ik bin in bytsje senuweftich, nèt  iens sa oer myn gebit mar mear noch om wat it kostje moat.

As ik efkes myn mûle spielle moat freegje ik hoe as it mei him giet. Hy giet er by sitten en seit;"Het gaat redelijk maar ik ben overspannen geweest en niet zo`n beetje ook..." En sa freegje ik hoe as it nò mei him giet. "Ik heb een motor gekocht en ga `s avonds er op uit. En op stille wegen laat ik zien hoe hard hij kan." "En hat dat holpen?", freegje ik meilibjend. "Ja", seit er; "Ik heb weer plezier in mijn werk. Ik heb weer tijd voor een praatje en een beetje aandacht voor mijn cliënten."

Trèf ik it efkes. "Soe it skele as ik ôfrekkenje moat?", freechje ik my ôf. Mei as sûnder motor: ferdividaasje is wol nedich op syn tiid, tinke  jimme nèt?

Wyksuster

troch Posted on 0 Comments 1 min read 470 views

Dèr fleant se wer hinne, op `e fiets troch ùs doarp: de wyksuster. Waar as gjin waar, sy hearde yn it doarpsbyld.

Ik sjoch se noch by ùs thus kommen yn in grize as blauwiche jurk mei wite skelk en in wite doek om 'e holle. Dèr kaam noch by, se wie fan Surinaamse ôfkomst dus frij donker en dat wiene wy nèt went yn it doarp. Se wist alles fan elke hùshâlding. Foaral arbeidershùshâldings hâld sy goed yn 'e rekken en mei alle fragen en swirrichheden koene jo by har te rjochte. Nei har kaam er in oare wyksuster. Dat wie in bysûnder leaf minske, der ha ik noch de bèste oantinkens oan. Jierren letter ha ik noch faak by har op besite west, doe wenne hja yn in âlderein hûs. De middei fleach om mei har ferhalen oer de minsken ùt myn doarp, wer fan ik de measten helder foar de geast krye koe.

De wyksusters, sy wiene unbaatsuchtiche opofferjende froulju dy dei en nacht klear stienen foar de minsken ùt myn doarp. Wy sille hun nea ferjitte. 
Mar hja komme werom, wurd er sein ...

fotobron

Oantinken

troch Posted on 0 Comments 1 min read 459 views

Hjoed, twa oktober, is foar my in dei fan oanktinken. Wy hawwe in muoike hân dy wy nea ferjitte kinne; in bysûnder minske.

Myn earste moetsjen mei har wie op myn troudei. Sy wie de earste dy sei; "Fan herte wolkom yn ùs famylje." Dat klonk sa warm hertlik en oprjucht! En sa is it altiid bleun. Wy hiene wat tegearre sûnder wurden begrepen wy mekoar. Elke wike kaam ik by har lâns en dan sei se: "Mei ik efkes seure?" -want hja wenne allinne- ".. en fertel nò mar wat as stò belibbe haste..." 

We hiene ôfpraten dat wat wy bepraten tusken ùs bliuwe soe. Fan alles kaam op it taffelskleed. Somtiden har noeden en soargen mar ek har blidens om har sibben. Mei belangstelling frege sy dan nei myn libben en joech my faaks ried as ik earne mei siet.

Hjoed op har jierdei, twa oktober, befangt my in tankber gefoel dat ik san minske tsjin kaam bin. In minske om fan te hâlden.

Wer fynt men dy hjoeddeis noch?

Trystens

troch Posted on 0 Comments 1 min read 445 views

Ha jimme juster ek foar de telefysje sitten en nei de troanrede heard? Ik hie al gau myn nocht en koe de trystiche taspraak fan de keninginne net lang oan hearre. Dèr oerhinne kamen de menisters en de minsken dy der ferstân fan hiene oan it wurd. En as jo hun leauwe moatte dan komme de tritiger jierren dèr wer oan. "Soe it sa min wurde kinne?" freechje ik my ôf.

Wy hiene eartiids yn ùs doarp in earmenmeester dy by guon minsken lâns gong en hja wat lùziche neazige sinten brocht. Elkenien yn ùs doarp wist wa dat wie en  hja waarden dèr ek op oansjoen. Op in dei kaam ùs heit thus en sei: "De earmmeester hat my oanhâlden en frege as hy ek helpe koe..." En grutsk sei er "Sa lang as ik libje sille wy jo noait nedich ha!"

Ach, wat wie dy man grutsk. Hy hat it ùs altyd  foarhâlden nèt de hân op te hâlden. "Want dan binne jimme ôfhinklik en nèt mear frij yn jimme dwaan en litten." Mar lokkich binne dy tiden allang foarby en dat sil noait werom komme... dèr leauw ik hillich yn.

Ik moat mar es in nij huodsje keapje, tocht ik sa. Mar nèt fan dy nuversoartigens as dy froulju droegen mar ien der`t ik prûs en tsep fan wurd.

Moai Gaasterlân

troch Posted on 0 Comments 1 min read 514 views

De famkes fan Contact binne op reis west. Ien kear yn`t jier gean hja mei elkoar op stap. Nei dat wy ùs om healwei tsjienen by de tsjerke fersamle ha, gean wy op wei. Fyftsjin froulju yn fjouwer auto`s.

It doel is Gaasterlân en Staveren. De earste kofjestop wie yn Aldemardum, spitich wie it net terraswaar mar it gebak makke alles goed. Dû nei it natûrmeseum Mar en Klif. Nei dat wy in spektakulère film sjoen ha fan hynders en dûnsers giet it fjierder. Op nei Himmelum wer`t wy in prachtiche tûn besjen mochten en plantsjes keapje koenen. It stel froulju wie yn tiid al fleuricher wurden en de iene koe it al moaier opsizze as de oare.

Yn Staveren krygen wy in rûnlieding fan in entûsiaste gids, dy ùs alles fertelde oer de stèd, mar bytiden mear nocht hie oan syn harkers dan oan de âlde gebouen. Nei dat wy de Toankamer Ponthus en in galery besjoen hiene, foelen wy deawurch op in terrasje del oan sè. En sa kamen wy lang om let yn it wokrestaurant op 'e Jouwer.

It wie wol wat oan 'e lette kant dû ik thus kaam mar myn man is wat went en sjocht nearne raar mear fan op.

Wat ha dizze famkes fan Contact in moaie dei han. In dei fan wille en ienriedigens. Wy doche it es wer.... 


Grotere kaart weergeven