Bliuw dy sels

Mem moat es oer oare ûnderwurpen skriuwe,” seit er; “dy hjoed-de-dei wichtich binne.” “En dat is?” freegje ik benijd. “Nò, ha it es oer seks, metoo as persoanen dy in oar geslacht hawwe. Ensafuorthinne. Dat wolle de lju lêze. It moat interresant wêze. Der moat spanning yn sitte. Dan kriget mem fêst in bulte lêzers.” seit [Lês mear »]

Loslitte

“Hy wol net. Hy wol néat.” seit se opstannich. Myn beste freondinne komt efkes lâns. Hja is oars as oars bespeur ik wol. Earst mar kofje sette, dan komt se wol los. En dan komt it hege wurd der ùt. Der is harren in oanleunwenning tasein. In pear jier allyn ha sy har op in [Lês mear »]

Kameraden

Sy is myn kameraat.” seit de jonge en wiist my grutsk op in frommeske dat fierderop stiet. “It koe minder.” sis ik. Wat moat min oars sizze? We litte beide de hûnen ùt. Ik koe him wol en sa kamen wy yn de kunde. “Kinne jimme mekoar al lang?” freegje ik, net unbeskieden. Want dat [Lês mear »]

It muoit my

Spyt. Ha jimme dat ek wol ris? Ik wol, regelmjittich ha ik spyt. Net alle dagen fansels, dan soe ik net mear myself wêze kinne. “It spyt my.” sis ik tsjin de soan as hy my wat fan eartiids foar de fuotten smyt. “Wer gong it ek al wer oer?” freegje ik him. Slim hat it net [Lês mear »]

Soarg & Wolwêzen

Op in drokke wei en op freedtemiddei stean ik stil. Ik bin op de skoetmobyl en soe gau efkes boadskippen dwaan. Yn panyk start ik noch es en sis lûdop tsjin mysels; “Kalm fanke, rêstich bliuwe.” As ik op san momint net mysels bin praat ik lûdop. Minsken sjogge somstiden efterom. Ik sjoch se tinken; der [Lês mear »]

Ajax-matte

Kin ik jo helpe?” freget in stimme achter my. Ik draai my kerbintich om. Der is Jan mei syn hûntsje. Se komme krekt werom fan hun fêste rûntsje. “Kin ik jo helpe?” seit hy noch es. “Dit is net goed foar jo rech, sa te sjen. Sil ik it efkes fan jo oernimme?” freget er, [Lês mear »]

BoerenBlij

“Wolle jimme es mei my nei Boerenblij“, freget se. “Wat is dat krek?” freegje ik. Ik ha der wol es fan heard mar dan hâldt it op. “Dat is in soarchbuorkerij foar âlderen en foar jongeren dy swirrichheden krige ha mei hja ûnthâld. Ek lju dy troch in ûngemak as sykte harsensskansearring krige ha.” In [Lês mear »]

>