Faklju

Mûtsen op en sjalen om, sa sitte myn man en ik yn ‘e keamer. En dat giet no al fjirtjen dagen sa.

De bouwferieniging hat besluten dat ùs wennigen grûnich opknapt wurde moatte. Al wiken fan tefoaren binne wy op `e hichte brocht wat er barre sil.

De iene nei de oare kaam foarby. It wiene meastal mjitters. Ramen, kezinen en doaren… alles waard opmjitten. De iene kontrolearde de oare. As er ien by de doar kaam sei ik al fan tefoaren; “Opmjitte tink?”

De DE febryk moast ekstra minsken yn sette om oan de fraach fan kofje te foldwaan. Ek Snelle Jelle koe it tempo amper oan.

De petearen wiene meastal yn it Stellingswerfs. Hja hiene muoite mei de Fryske taal en omdat ik gjin Stellingwerfs machtich bin ferstinen wy elkoar goed.

Nei twa wike fan yntensyf kontakt is it hûs klear. We moatte ôfskie fan elkoar nimme, de petearen oer en wer sil ik misse.

Boppedat; it wiene faklju. Elk wist wat er fan him ferwachte waard.

Ik hoop mar dat de wurkjouwers dizze minsken waardearje en goed behannelje. Se binne hjoeddedei goud wurdich.

It beste, jonges. It giet jimme goed. It wie undanks de kjeld dochs in waarme tiid.

Faklju.

2 Comments on “Faklju

  1. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Faklju | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien