Kameraden

Sy is myn kameraat.” seit de jonge en wiist my grutsk op in frommeske dat fierderop stiet.

“It koe minder.” sis ik. Wat moat min oars sizze? We litte beide de hûnen ùt. Ik koe him wol en sa kamen wy yn de kunde.

“Kinne jimme mekoar al lang?” freegje ik, net unbeskieden. Want dat boeit my, hoe dizze beide minsken mei elkoar yn ‘e kunde kaam wiene.

“We moeten mekoar ynt kafé en wiene daliks fereale op elkoar.” seit er; “Ik koe nearne mear oan tinke as allinne oan har. Op myn wurk en nachts. Se wie er altyd, it behearske myn deistich bestean.”

Ik ha wat ôfrûn mei ùs  hûn om har te moetsjen. De bisten ha makke dat wy elkoar wer troffen. Mar dat is allang foarby, sund dy tiid binne wy kameraden wurden.

“Binne jimme noch  fereale op elkoar?” freegje ik foarsichtich.

“Nè,” seit er; “we binne maten wurden. Dat is hiel wat oars. Dat is in kwestje fan betrouwen.”

Thus kommend freegje ik myn man; “Bin ik dyn kameraat as bist noch fereale op my?”  

Fernuvere sjocht hy my oan; “Dat hoegst dochs net te freegjen? Dat wist dochs wol??”

Kameraden.

One Comment on “Kameraden

  1. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Kameraden | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien