Soarg & Wolwêzen

Op in drokke wei en op freedtemiddei stean ik stil. Ik bin op de skoetmobyl en soe gau efkes boadskippen dwaan.

Yn panyk start ik noch es en sis lûdop tsjin mysels; “Kalm fanke, rêstich bliuwe.” As ik op san momint net mysels bin praat ik lûdop. Minsken sjogge somstiden efterom. Ik sjoch se tinken; der mankearit wat oan.

Ek no wer; hja rinne by my lâns en ride om my hinne. ‘Ik moat hjir waai.’ tink ik senuweftich. As ik no by it hûs fan de soan komme kin, dan sil hy my wol helpe.

En sa riid ik stadich oan fierder, dea benauwd dat ik net fierder kin.

Lokkich is hy thus en wol efter my oan fytse. Sa skarrelje wy op hûs oan.  

“Skilje mar in monteur.” seit er; “Ik kin it net fine.”

Sa kry ik de firma oan `e line dy`t yn desimber nije accu’s pleatst hat en soarg en wolwêzen heech yn it faandel ha.

Ta myn fernuvering kinne se my net.  “U staat niet in ons klantenbestand.” seit de man. “Ja wis wol.” sis ik en begjin my op te winen.

‘Kalm bliuwe.’ sis ik tsjin mysels.

“Hoe kin dat?” sis ik tsjin de man;  “Ik ha yn desimber accu’s by jimme kocht.” 

“Dan bent u geen klant.” seit er; “Wel als u bij ons een scootmobiel had gekocht.”

D’r is gjin monteur dy my helpe kin. Hja wolle my in nije skoetmobyl ferkeapje, dat wol, en ek noch daliks bringe.

“Jim moatte jimme namme feroarje.” sis ik lilk.; “Jimme moatte net mear Soarg & Wolwêzen hjitte. Want dat hat foar my in hiele oare betsjutting.”

De skoetmobyl stiet yn`t hok en ik sit thùs wachtsjen op de man dy wol soarg en wolwêzen hat.

Soarg en wolwêzen. Ja, ja.

5 Comments on “Soarg & Wolwêzen

  1. Ja wokke ze willen wel graag verkopen ,dan staan ze zo bij je en heeel aardig ,maar als het verkocht is dan houd het tegenwoordig vaak op . Gelukkig niet altijd groetjes

  2. Tegenwoordig weet je niet meer waar je aan toe bent, contracten binnen de zorg maken het ook beroerd voor particulieren. Kennelijk hebben ze het druk genoeg en doe jij er niet toe. Terwijl het juist voor jou en veel ouderen een uitkomst is om nog onafhankelijk te blijven en van je vrijheid te genieten.

    Ik heb het me ook vaak afgevraagd als ik zo’n scootmobiel zou hebben wat ik moest doen, denk toch aan een contract bij bijvoorbeeld ANWB.

    • Na de commotie van mijn side of de reactie van Durk kwam Zorg en Welzijn.
      Waarom moet een mens eerst kwaad worden ?

  3. Wokke, het moet menens zijn van jouw kant, en kennelijk hebben jij en Durk ze aan het schrikken gemaakt. Maar daarvoor heb je eerst wel een hoop spanning, die je had toen je scoot het begaf maar dan reken je nog op hulp.
    Nou, maar ja, eind goed, al goed? Jij rijdt weer rond.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien