It muoit my

Spyt. Ha jimme dat ek wol ris? Ik wol, regelmjittich ha ik spyt.

Net alle dagen fansels, dan soe ik net mear myself wêze kinne.

“It spyt my.” sis ik tsjin de soan as hy my wat fan eartiids foar de fuotten smyt. “Wer gong it ek al wer oer?” freegje ik him.

Slim hat it net west want oars wie it my bybleun mar hy wit it noch wol, dat is it  nuvere.

Werom ûnthâlt de iene it wol en de oare net?

It ferfelende is dat jo immen skansearre hawwe sûnder dat jo er fan bewust binne. In freonskip fan wol fyfentweintich jier hâld fan de iene op de oare dei samar op.

It is somstiden ek wol es sa dat de freonskip op in djoer foarby is, der is gjin nijs mear oan elkoar te untdekken.

Dochs mar es mei de soan prate en him sizze dat it my muoit. De freondinne mar wer es opsykje en har witte litte dat it sa net miend wie ….

It muoit my minsken, as ik sûnder it sels te witten ien fan jimme skansearre ha.

It muoit my.

One Comment on “It muoit my

  1. Pingback: Blog de Ruiter: | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien