Wa wachtet der op jo?

Wachtet jo man yn de wachtromte?” freget de ferpleechster oan de frou.

Mei fyf froulje lizze wy neist elkoar yn de Pijnpolie, dat is in lokaasje yn it Abe Lenstra Sportstadion wat ûnder it Feanster sikenhûs Tsjongerskâns beflappe is.

Al in skoft ha ik lêst fan de  rech en de linker foet. Ik sjoch yn de etalaazje hoe in âld minske mank rint. Ik sjoch noch es goed en, ‘ferhip’ tink ik; ‘hé, dat bin ik sels’.

En sa bin ik fia Orthopeed, Neuroloog, Radioloog, MRI en in Anestioloog yn it stadion telânne kaam.

“Wachtet jo man yn de wachtromte?” freget de ferpleechster noch in keer.

“Ik ha gjin man.” seit se; “Dy is allang lyn ferstoarn. Mar der sit wol in man op my te wachtsjen mar dat is myn sweager. Hy giet oerâl mei my hinne.”

De suster komt by it folgende bed. En stelt de selde fraach.

“Sit er ek ien op jo te wachtsjen? Jo man as de bern?” giet se fierder. “Ne,” seit se; “myn frou hellet my op.”

Se skowt de gerdinen om it bed hinne ticht.

“En jo?” seit se tsjin my; “Wa sit er op jo te wachtsjen?”

“Ik sil wol sjen wa dat ‘r oer bliuwt.” sis ik.

We sjogge elkoar oan en kin it laitsjen amper litte.

“U heeft een Selectieve Wortelblokkade.” seit de dokter.

“Mei oare wurden: in hernia.” sis ik. “Kin my neat skele, dokter, wat it ek is. As de pine mar fuort is.”

Wa wachtet der op my.

5 Comments on “Wa wachtet der op jo?

  1. Gelokkich wie dêr de soan om ús mem op te heljen. 😉

    Goed stikje wer, ús memmeminske. Ik moest leitsje 😉

  2. Pingback: ~tiden hawwe tiden~

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien