Loslitte

“Hy wol net. Hy wol néat.” seit se opstannich.

Myn beste freondinne komt efkes lâns. Hja is oars as oars bespeur ik wol. Earst mar kofje sette, dan komt se wol los. En dan komt it hege wurd der ùt.

Der is harren in oanleunwenning tasein. In pear jier allyn ha sy har op in wachtlist sette litten fan in fersoargingshûs. ‘Dat wie ferstannich.’ seine de bern. Mar ach, dat wie do en sa sier fuort. ‘Doch mar.’ sei ik.”

“No is it safier en no it er op oankomt wol hy net. ‘Wy binne noch net ûnbehelpsum, wol?’ seit er. ‘Wy kinne mekoar dochs wol helpe en bystean, net? Wy hawwe tegearre dochs slimmere stoarmen troch stien en altiid rêde kinnen.”

“Hy hat muoite mei loslitten. Ik ek wol hear.” giet se fierder; “Mar wy moatte ek nochter bliuwe. Sa as it nò giet hâld ik it net fol.” sucht se.

“Om de klapskeet moat ik wat opsykje. Dan is hy de stok kwyt, dan it gebit en dan wer de bril ensafuorthinne. Ik wol alles wol foar him dwaan, hear, want ik hâld ommers fan him. Mar it hat syn grinzen, fansels. Somstiden krij ik in glandige hekel oan him en dat wol ik ùt noch yn net.” seit se fertritlik.

Loslitte….

4 Comments on “Loslitte

  1. Tja, soms zit ik nu al na te denken over hoe het met mij moet later.
    Voorlopig red ik het nog goed.

    Maar met alle zorgwekkende berichten over de niet te betalen zorg maak ik mij toch wel zorgen.

    Vriendelijke groet van een zestig jarige,

  2. Ja een lastige kwestie als je beide niet het zelfde standpunt hebt , ja als de een het zelf ook niet meer helemaal doorhebt dat hij best wat veel zorg nodig hebt en dat wat te veel van de vrouw vraagt .het antwoord zal ook wel komen en dan ook misschien met de hulp van de kinderen . We staan er misschien allemaal straks eens voor , maar wanneer wachten we af

  3. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Loslitte | ensafh

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien