Wachtsje

Ha jo it al heard?” freget de man by de baly en leunt swier op de rollator. De telefoniste draait har mei muoite om. Se is dwaande mei har iPad. De fraach wurdt noch es herhelle. “Ha jo it al heard?” freget ‘r mei stimferheffing. “Myn frou is fannacht ferstoarn. Samar yn iens. Ik ha it [Lês mear »]

Ik sil dy misse…

Wy binne dizze dagen oan it ferhûzjen. Alles wurdt ynpakt mar dan ek alles. Fêst as los, it giet mei. As ik net oppas en bytiids in stap te bek set, sit ik yn in doaze mei in sterk touw der om hinne. Wat moat mei en wat nèt? Dat is it kritearium dizze dagen. [Lês mear »]

As ik de leafde net hie …

We sitte yn de tûn. It kin efkes yn de smoute fan it hûs. Se hat it dreech. Nei in gemoedlik praatsje oer it waar en sa komt it hege wurd der ùt. Ik wit alles fan har, wy binne al jierren befreone, en dan hawwe jo gjin geheimen mear foar elkoar. “Hy is yn [Lês mear »]

Reanimearje

Wolle jo ek reanimeare wurde?” freget de suster wylts se de gerdynen om myn bed ticht lûkt. “Hoe sa?” freegje ik; “Ik ha allinnich mar de gryp.” “Dat is standerd.” seit se; “Dat moatte wy freegje.” “En wat is it telfoannummer? Wa kinne wy skilje as it mis giet?”  “Ik soe it net witte.” sis [Lês mear »]

Thùssoarch

Eltse dei om de selde tiid komt in ferpleechster fan de Thùssoarch by ùs oan hûs. Medisinen foar myn man en foar my it selde, allinnich foar in oare kwaal. It binne allergearre ferskillende froulju. Lyts en grut, blond en donker. It hat lang duorre foar dat ik se by de foarnamme koe. Want eltse [Lês mear »]

Minke

Sykjend geane har fingers oer de tafel. It getik fan de neils op it tafelsblêd jouwe argewaasje. ‘Oan wat oars tinke.’ hâld ik my sels foar. Ik sjoch nei bûten, de lju rinne stadichoan nei hun ôfspraken yn it sikenhûs. It is in einleaze stream dy de hiele dei troch gean sil. Taksjes, rollaters en [Lês mear »]

Heite- & Memmedei

Komst efkes om in bakje?” freegje ik oan myn freondinne. “Nè,” seit se; “myn soan hat Heitedei.” “Mar dan is hy dochs thùs?” freegje ik. “Dat is`t him no. Dan wol hy dat ik him assitearje by de bern.” “Wannear hast dan wol tiid?” “Nò eiglik nea. Ûs dagen binne beset. Myn skoandochter is lùzemem wurden en [Lês mear »]

Gryp Op Jo Sûnens!

Tink er om datsto net ferslave rekkest.” seit myn freondinne. 

We sitte sa wy went binne mei jierdeis: yn in kring. Eartiids sieten manlju by manlju en froulju by froulju.

Ik siet as bern altyd by de manlju. Dy hiene folle ynteressanter praat, fûn ik. Ut en troch waard ik fuortstjoerd, dan hiene hja it oer ûnderwurpen wat ik net hearre mocht.

De manlju dronken jonge jenever mei in skepke sûker as in bearenburchje en de froulju ‘Avondmaalwyn’, as in advokaatsje mei slachrjemme.

Neffens de tiid foardere waard it drokker en lûdroftiger.

En dan fûn ik it spannend wurden want de ferhalen kamen los. Mar spitich genôch moast ik dan de hûn altiten út litte. 

As wy as bern de gryp krigen, dan makke ús heit in hjitte grok foar ús. Der kaam konjak en sitroen yn, mei brune sûker en kokjend wetter. Mei soarch waard dat klearmakke.

“Moarn bist wer better.” sei er dan, en streak oer myn koartsige holle. De oare deis wie ik better. Kaam dat no troch de groch? As de aai oer myn holle?

“Mei drank moat min oppasse.” seit se en leppelt oan har advokaatsje mei slachrjemme. “Do hast gelyk.” sis ik en nim noch in grok. Want foardatst it witst, hast de gryp te pakken..

Read more

>