It komt fêst wol goed foar dat ik in âld wyfke bin…..

Wy binne oer en binne no in wike yn in nije oanleunwente. It wie in poepetoer om alles oer te krijen en in plakje te jaan. Wat hat in minske in protte guod.

It moat wenne, osa wenne.

We binne yn in mienskip telâne kaam, fan aldere minsken. Neat opsjin fansels, wy binne ek de jongsten net mear.

We hawwe it hjir best, ik moat sizze hiel best.

Middeis presys om tolve oere stiet it iten op tafel. En wat foar iten! As kaam it ùt in trije stjerren restaurant.

Mar dochs moat ik wenne oan it libben hjir. It binne allegearre leave froulju, hear, hja wolle alles foar ùs dwaan.

Der wurde medisinen rûndield en der wurdt streng op tasjoen as it wol kloppet. Dat moat ek wol by in soart dementearjende lju fansels, dat begryp ik wol.

Mar dan kinne sy my noch net, ik bin selsstannich en kin noch hiel goed op my sels passe.

“Hawwe jo in kompjûter!?” freegje se ferheard.

“Is dat sa gek?” freegje ik.

“Dat komme wy hjir net faak tsjin is it andert.”

“Ik kin my noch skoan rêde, hear ….”

LÊS EK:  Steuring
  • Bin wol benijd hokker “Hendrik Groen” aventoeren jim meimeitsje sille 😉

  • Is der ek in moaie hortinsje yn pot mei ferhuze? En ha se by jimme ek sa’n super-de-lúkse elektryske duofyts (de zoefzoef neame wy dy) om der op út te gean?

  • >