Minke

Sykjend geane har fingers oer de tafel. It getik fan de neils op it tafelsblêd jouwe argewaasje. ‘Oan wat oars tinke.’ hâld ik my sels foar.

Ik sjoch nei bûten, de lju rinne stadichoan nei hun ôfspraken yn it sikenhûs. It is in einleaze stream dy de hiele dei troch gean sil. Taksjes, rollaters en berneweinen wikselje elkoar ôf.

Op de eftergrûn begjint it tikjen fan de neils wer op nij.

Miskyn moat ik it op in oare boech smite. Ik pak in stoel, gean neist har sitten en pak har hân. “Hoe hjitte jo?” freegje ik. Unfersteanber mompelt se wat en stoaret foar har ùt.

Wat soe se sjen? “Hoe hjitte jo?” freegje ik noch es. Hiel sêft seit se; “Minke…” 

“Wat in moaie namme!” sis ik; “Hoe hjitte jo fierder? Hoe is jo efternamme?”

Unfersteanbere lûden komme my temjitte. “Ik hjit Wokke.” sis ik. Se knypt efkes yn myn hân. “Prate jo Frysk? Jo komme dochs ùt Fryslân ?” freegje ik.

As waard se stutsen, kjel lûkt se har hân rimpen werom. “Ne!” seit se ynienen dùdlik fersteanber; “Ik haatsje de Fryske taal!”

De neils slaan wer foel op de tafel. Spitich, ik ha sûnder it te witten in âlde woene iepen makke.

Middeis komt de soan om de neils te knippen.

Diele mei:

3 Comments on “Minke

  1. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Minke | ensafh

  2. Ik zie je dat zo helemaal doen, je interesse in anderen, je bekommeren zonder te betuttelen. Denk niet dat het een oude wond was, ze reageerde toch in het Fries terug. Soms is het een prikkel die iemand uit zijn droomwereldje kan halen. Wie weet heb je juist veel goeds gedaan voor haar. Je intentie was in ieder geval goed.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien