Gryp Op Jo Sûnens!

Tink er om datsto net ferslave rekkest.” seit myn freondinne. 

We sitte sa wy went binne mei jierdeis: yn in kring. Eartiids sieten manlju by manlju en froulju by froulju.

Ik siet as bern altyd by de manlju. Dy hiene folle ynteressanter praat, fûn ik. Ut en troch waard ik fuortstjoerd, dan hiene hja it oer ûnderwurpen wat ik net hearre mocht.

De manlju dronken jonge jenever mei in skepke sûker as in bearenburchje en de froulju ‘Avondmaalwyn’, as in advokaatsje mei slachrjemme.

Neffens de tiid foardere waard it drokker en lûdroftiger.

En dan fûn ik it spannend wurden want de ferhalen kamen los. Mar spitich genôch moast ik dan de hûn altiten út litte. 

As wy as bern de gryp krigen, dan makke ús heit in hjitte grok foar ús. Der kaam konjak en sitroen yn, mei brune sûker en kokjend wetter. Mei soarch waard dat klearmakke.

“Moarn bist wer better.” sei er dan, en streak oer myn koartsige holle. De oare deis wie ik better. Kaam dat no troch de groch? As de aai oer myn holle?

“Mei drank moat min oppasse.” seit se en leppelt oan har advokaatsje mei slachrjemme. “Do hast gelyk.” sis ik en nim noch in grok. Want foardatst it witst, hast de gryp te pakken..

Photographer unknown.
LÊS EK:  Fiif Bokkings
  • Mooie herinneringen, en een goede vooruitziende blik, voorzorgsmaatregelen kunnen geen kwaad.
    Prroost, en vooral: op je gezondheid.

  • >