Thùssoarch

Eltse dei om de selde tiid komt in ferpleechster fan de Thùssoarch by ùs oan hûs. Medisinen foar myn man en foar my it selde, allinnich foar in oare kwaal.

It binne allergearre ferskillende froulju. Lyts en grut, blond en donker. It hat lang duorre foar dat ik se by de foarnamme koe. Want eltse dei komt er in oar frommiske lâns.

Mar stadichoan lear ik se kinnen.

Se komme allegearre ùt dizze omkriten. Ûndanks ùs leeftydsferskil kinne wy goed mei elkoar oerwei.

By flarden as de tiid it ta lit, leare wy elkoar kinnen. Se hawwe stik foar stik in oare eftergrûn.

“Werom bisto ferpleechster wurden?” freegje nijskjirrich want soks boeit my no.

Se sei; “Ik ha jierren yn in fabryk wurke en do krige ik de kâns om in omlearderskursus te folgjen. En sa ha ik keazen foar de soarch want der is osa ferlet fan.”

Wer in oaren ien is ek op lettere leeftyd begon te learen. Se woe wat betsjutte foar de maatskappij.

En sa hat elk har eigen reden om nei de Thùssoarch te gean.

Mar it falt my op; se dogge it allegearre mei in protte ynset en leafde. Waar as gjin waar, snie as glêde dyken, by nacht en untij binne se op in paad.

Want der wachtet ommers ien op harren.

8 Comments on “Thùssoarch

  1. Met plezier heb ik weer iets van jou gelezen.

    Met de medicijnen en het bezoek wens ik jou nog een lang en vrolijk leven.

    Warme groet,

  2. Pingback: Blog Wokke de Ruiter: Thússoarch | ensafh

  3. Mooi, Wokke, dat er zulke mensen zijn.
    In mijn jonge jaren was ik gezinsverzorgster, maar dat vak is uitgestorven.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien