Minsken

BoerenBlij

trochPosted on 4 Comments2min read1768 views

"Wolle jimme es mei my nei Boerenblij", freget se.

"Wat is dat krek?" freegje ik. Ik ha der wol es fan heard mar dan hâldt it op.

"Dat is in soarchbuorkerij foar âlderen en foar jongeren dy swirrichheden krige ha mei hja ûnthâld. Ek lju dy troch in ûngemak as sykte harsensskansearring krige ha."

In tige entûsiaste frou komt ùs temjitte. Se stelt har foar as "Cassy van den Bosch. Manager". Sis mar de frou wert alles om draait.

We krije earst in rûnlieding.

Ik reitsje stadichoan ûnder yndruk. Twa grutte stabij's mei wiveljende sturten hjitte ùs wolkom .Oeral om de pleats hinne komme we bisten tsjin; skiep, hinnen en geiten. En wat sa aardich is; oeral binne sitsjes makke. Mei in kachel derby, sa kin men der ek mei suterich waar byelkoar sitte.

Ek gean se yn groepkes te kuierjen. Oranje festjes oan sa dat hja ùt de fierte werkenber binne.

Fol fjoer giet se fierder en ferhellit oer it libben fan alle dei. De gasten wurde hielendâl frij litten yn hja dwaan en litten. Wolle se skoffelje as harkje yn de tùn as leaver telefysje sjen? It mei allegearre. De  haadsaak is dat hja gelokkich binne en hja frij fiele.

Nei de rûngang om `e pleats en in wiidweidich petear fan beide kanten geane wy oan `e kofje.

Der strielit san leafde en passy fan dizze frou ùt, der wol ik letter wol hinne as it mei my safier is.

BoerenBlij is foarâl de neidruk op  BLIJ

De taal fan it hert

trochPosted on 3 Comments0min read1485 views

Tiden hawwe tiden', sa hjit myn blog. Skreun fansels yn myn memmetaal. In jier as acht allyn bin ik der troch in trystich barren mei begong.

De jongste soan kaam er mei. It like my yn earste ynstânsje op fleanen, Wat soe ik te melden hawwe? Wa soe no op my sitte te wachtsjen?

Om dat ik him net ôffalle woe bin ik er mei in protte stinnen en pûsten mei begong. En no kin ik er net mear sûnder.

Myn each is skerper wurden foar detail. Ik sjoch mear om my hinne. En it allerbelangrykste  binne de reaksjes op de stikjes .

De lju komme ùt alle hoeken fan de wrâld.

Om mar in pear te neamen: India,  Bolivia,  Frankryk, Amerika en noch folle mear lânnen.

Want Friezen sitte oer de hiele wrâld ferspraat.

Somstiden bin ik der oandien fan. Dan lês ik de ûnwennichte nei it heitelân.

Ik wit wol de kreft fan de stikjes lizze net oan de ynhâld mar leit oan de memmetaal. It is de taal fan thùs fan heit en mem.

In man ùt Burgum dy al 30 jier yn Ohio wennet ha ik troch myn blog kunde mei krige. Hy fynt it prachtich om op de hichte te bliuwen fan syn heitelân.

Ek yn ùs lân komme nijskirrige reaksjes. In frommeske frege as sij se foar lêze mocht yn it fersoargingshûs.

Ensafuorthinne.

Ach, wat is no moaier om dy yn dyn memmetaal fersteanber en fielber te meitsjen?
Dat is de taal fan it hert.


Jelmer

trochPosted on 4 Comments1min read1550 views

Tink er om!" ropt se. We sitte achter yn de tùn, myn buorfrou en ik.

It is stil om ùs hinne. In protte minsken binne al op`n paad. De stilte wurdt allinnich fersteurd troch fûgels en it ferkear yn de fierte. In trein lit witte dat er der oan komt.

Dan ynienen ropt se; "Tink er om!" In grutte moaie brune flinter mei oranje en wite wjukken giet op myn knibbel sitten.

"Stil sitten bliuwe hear." seit se noch es.

"Wêrom?" sis ik.

"Dat is ùs Jelmer." seit se.

In pear jier ferlyn hat se in soan ferlern oan kanker. Yn ferskate bisten sjocht sy him werom kommen.

We sitte beide deastil. Ik doar my net te bewegen.

Dan komt er in selde flinter neist him sitten.

"Wa is no Jelmer?" freegje ik.

"Wit ik net. Dy it langst sitten bliuwt, tink ik." seit se.

Efkes letter fleane se in rûntsje om ùs holle en fuort binne se.

Wat is dat dochs mei minsken dat se hun dierberen werom sjogge yn blommen en bisten? Se hawwe se nea los litte kinnen, tink ik. De groede is noch altyd te farsk.

"Dag Jelmer," sis ik; "komst mar gauris wer." 

Dy Jelmer...

 

Hernia

trochPosted on 2 Comments0min read1155 views

Jo hawwe in hernia." seit de sjauffeur. Hy sjocht my oankommen en hat de taksje foar de doar riden.

"Hoe sa?" sis ik.

"Ik ha jierren allyn it selde hân. Ik koe net mear rinne, sitte as lizze en stie by de tafel te iten."

"Net gesellich foar jo frou en bern." sis ik; "It moat fansels noch bliken dwaan dat ik in hernia ha."

"Ik ha it al lang sjoen." giet er fierder en set hastich ùt ein. Der moatte hjoed mear lju nei it sikenhûs.

Nei lang om let ha ik in ôfspraak makke mei de orthopeed. De hûsarts is oerstjûge dat ik in nije heup hawwe moat, dy siet er ommers al tweintich jier yn. Nei ferskate ynjeksjes hân te hawwen waard de pine slimmer.

"Ik wol hegerop." sis ik tsjin de hûsarts ."As jo der op steane kin dat." seit er.

"Hoe gaat het met U?  seit de orthopeed en jout my in stevige hân. We begroetsje mekoar as âlde freonen. Hy kin mij better fan binnen as fan bûten. Hy hat ommers yn de rin fan de tiid hast alle underdielen fan my ferfongen.

"Wij gaan het onderzoeken." seit er. En hy makket er goed wurk fan. Ik gean fan de iene wachtkeamer nei de oare.

"Moarn!" rop ik oerdreaun. Net ien sjocht op, se binne allegearre yn `e bân fan hun smart-phones.

In nije ôfspraak wurdt makke en dan foar de MRI.

"Sei ik it net?" ropt de sjauffeur; "It is in hernia!"

In hernia....

Fiksje as werklikheid

trochPosted on 2 Comments1min read1000 views

Dat kin net hear," seit in nicht fan my; "do hast in stikje skreaun oer Jabik, myn broer."  Sels fyn ik it in goed stikje mar ik helje it fuort. Ik hâld fan goeie underlinge ferhâldingen .

"Dat is seker in stikje oer Ynse, do wist wol wa ik bedoel. Dat kin net hear." seit in oarenien mei in kromke ferwyt in har stim.

"Wie dat jimme heit der sto oer skreaun hast?" seit in freondinne; "Ik wist net dat it san aparte man wie." 

"Né," sis ik; "it ferhaal giet oer in hiel oar persoan."

Ik hâld fan minsken, elts is wer oars. Minsken falle my op.

Ik wit net wat it is mar se lûke my oan.

En as it oer famylje as oer goekunde giet, moat ik der oer skriuwe kinne.

Mar om oer famylje te skriuwen dat leit dreger, der moat jo foarsichtich mei wêze.

"Sa ha ik ùs mem nea kennen," seit myn broer. In oare broer seit: "Sa wie se krekt."

Elk fan ùs hat in oare kant fan it minske kinnen leard.

"Meist wol oer my skriuwe hear." seit ùs mem dan; "As it mar gjin lulferhaaltsjes binne ..."

Fiksje as werklikheid, jo moatte it beskriuwe kinne.

 

Mem dochs

trochPosted on 4 Comments0min read1141 views
It reint ast spield. Wy drave hurd nei de supermarkt. By de grutte glêzen skodoarren stiet in jong famke mei de strjitte krante. Dweil trochwiet stiet se te wachtsjen op immen dy in krante fan har keapje wol.

Mar se stove allegearre by har lâns. Se sjogge har net iens as wolle har net sjen. Elts is mei syn eigen ding dwaande.

Ek wy geane hastich by har lâns. 'Dat biddeljen ek altyd.' tink ik by mysels.

Mar dochs fiel ik my altyd skuldich as ik mei myn winkelwein fol boadskippen by har lâns rin.

De soan en ik slaan fan alles yn, de karre rekket aardich fol. Efkes letter komme wy mei in ôfladen karre wer by it famke lâns.

'Krant kopen?' freget se yn in fremd dialekt. It wetter rint yntyd by har lea del. Mei in skean each sjoch ik dat soan har in brifke tastoppet.

'Wêrom dochst dat?' freegje ik foarsichtich.

Ik sjoch efterom en sjoch in man op it famke takommen. Se prate efkes meielkoar en dan leget se de bûse.

'Der giet dyn jild.' sis ik.  

'Mem dochs,' seit er; 'sjoch es yn de karre. Wy hawwe it dochs poer bêst.'

'Ja jonge, do hast gelyk.' en ik skamje my ...

Anna

trochPosted on 6 Comments0min read1312 views
Ik rin wat senuweftich troch it hûs. Ik ferwachtsje besite. Alles moat er kreas en himmel ùt sjen. Want de earste eachopslach seit in soart oer de minsken dy der wenje.

Se komt te tee drinken hat se my witte litten. Se is net samar besite; ik ha har noch nea sjoen. En dochs kin ik har al hast toch en troch.

Dat sit sa; ik ha har kennen leard fia har en myn skriuwsels. Oer en wer fertelden wy elkoar wat ùs sa al dwaande hâld. Stadichoan gongen de petearen djipper.

We ferhellen oer de pine by it ferlies fan in dierbre.

Mar ek oer fermaaklike sitiaasjes. Sa as sy it leafst allinnich mei in tintsje op de camping stiet. Allinnich wêze yn de natûr mei de lûden fan de fûgels om har hinne.

Ik sjoch noch es om my hinne. Se kin sa komme. En dan stoppet er in auto, in frou stapt ùt.

Dit moat Anna wêze.

Ik slach de earmen om har hinne. 'Kom mar gau mei.' sis ik; 'De tee is rè.'

It wurdt in gesellige middei. We hoege net mei elkoar yn de kunde te kommen, we witte ommers alles al fan elkoar. Al dy ferhalen komme sprekkend oerien mei dit frommeske.

Anna.

It paad bjuster

trochPosted on 1 Comment1min read1061 views
Foto: Jeff van der Wees (Flickr)

 

De telefoan giet en in wanhopige stim seit;"Kinst efkes komme? Hy is wer fuortrûn."

Myn freondinne hat it dreech; har man hat Alzheimer.

Trochstrings giet it goed en dan ha se it noch hiel goed tegearre. Mar der moat net wat ungewoans barre, dan is hy der ôf.

"Kinne jo it noch wol folhâlde?" freegje de helpferliners. "Jawol hear." seit se. Mar se wit dat se terrein ferliest.

Se wol net tajaan. Se hawwe mekoar dochs ienkear belove om oant de dea ta foar elkoar te soargjen.

Myn freondinne hat de jas al oan. "Wer geane wy hinne?" freegje ik har.

"Hy hat it hieltijd oer it hûs fan de soan. Dy hat ark fan him liend, seit er."

"Ja, mar," sis ik; "dat is wol in hiel ein rinnen. Soe hy dat wol dwaan kinne?"

"As hy wat yn de kop hat, dan giet it troch." seit se. Jo kinne prate as Brugman mar hy set troch.

Wy splitse ùs; sy de iene en ik de oare kant ùt. Mar nergens in man op in bankje mei in rollater.

"Hy hie it ek oer in brilleman." seit se. "Hy sjocht net mear sa goed mar tinkt dat er noch best in bril foar him te krijen is."

We rinne en rinne, freegje minsken dy wy underweis tsjinkomme as se ek in fertieze man sjoen hawwe. Stadichoan krij ik myn nocht, ik bin ek de jongste net mear.

Mar dan stoppet er in plysjeauto neist ùs.

Efter yn de auto sit in man entûsjast te wiuwen. Bliid stapt hy ùt en seit ferwitend tsjin ùs; "Wer wiene jim? We ha  alles om jimme ofsocht."

"Hâld him goed yn `e gaten." sizze de plysjes en draaie it raamke omheech.

It paad bjuster ...

Oantinkens

trochPosted on 1 Comment1min read1220 views

In âlde man rint mei in lyts famke oan `e hân troch it doarp. Se sille nei`t tsjerke ta. Se hawwe alle tiid, it is ier op 'e middei.

Se is bliid. Se kriget altiid in pipermuntsje fan him mar net ien, somstiden wol in hân fol.

Dizze middei wie it oars.

"Ik ha wat foar dy." seit er. "Wat ik dy jou moast styf yn de hân hâlde. Meist net earder sjen as wannear ik it sis."

De preek sil begjinne, it sjongen en it lange gebed binne einlik achter de rech.

Yn spanning wachtet it famke op in teken fan de man. Dan knikt hy. Se docht de hân iepen en moat hast oerjaan.

Der leit in grutte wiete prom tabak yn de komme fan har hân. De man neist har proest it ùt en snùt oerdiedich syn noas. Dat wie de lêste kear dat se mei him nei `t tsjerke gong.

In protte oantinkens komme by my boppe as ik langs it lytse grifformearde tsjerkje gean. De boeren dy samar gongen stean ûnder de preek omdat se oars yn sliepfoelen. De jonge mannen dy hals oer de kop de tsjerke ùt flechten, it lân yn. Unfersteurber gong de dominy fierder mei syn preek as wie er neat oan 'e hân.

Ek mocht ik der dope wurde tagelyk mei mear lytse poppen ùt it doarp.

It binne dierbre oantinkens, dy oan de woartels lizze fan myn bestean.

Laila

trochPosted on 8 Comments0min read1788 views
Foto: Oleh aka Uno
Om seis oere yn `e moarntiid wurd ik wekker troch lûde mannen-stimmen:"Laila! Laila!"

Ik draai my om. 'Dat binne wer lette besikers fan It Houtsje as fan It Skûtsje." betink ik my.

Mar it hâld mar oan. Ek yn it goeie ear hear ik: "Laila! Laila!"

Oeren oan ien giet it troch. Ik kin Laila wol sjitte sa stadich oan. Der sit neat op; ik moat mar es sjen wa `t Laila is.

Twa manlju steane by ùs achter hûs. Unrêstich rinne se hinne en wer. Ik gean nei bûten; "Siikje jimme wat?" freegje ik.

"We siikje Laila." sizze se.

"Wa is dat?" freegje ik.

"Dat is ùs kat." De iene man kin it gûlen hast net litte, de oare seit kordaat; "Mar hy komt wol werom hear! Wy hâlde fan him en dat wit hy wol."

De hiele nacht binne se al oan it siikjen. Hy hat al syn maten ùt it tehûs byelkoar skarrele en mar roppe en mar siikje.

"Moatte jimme net nei `t asyl skilje ?" freegje ik; "Miskyn is hy der hinne brocht."

"Ha wy al dien." seit de iene wert Laila fan is.

"Miskyn is hy dea rieden." oppenearret ien. Dat falt net goed by de  oare  manlju. Fertwivele sjogge se mekoar oan. Hoe moat it no fierder sûnder Laila?

Ik nim my foar om moarn in nije Laila te heljen.