Allround

Wylts ùs hurdriders har klear meitsje foar de WK Allround yn Calgary haw ik myn eigen ‘allround‘. “Hast wiete sokken?” freegje ik myn man. “Hoe komst er by?” seit er brimstich. Ik stean yn de keuken en stap yn in dobbe wetter. “Dan hat de hûn it dien.” sis ik en sjoch nei Max dy [Lês mear »]

Bijbliuwe

“Bijbliuwe.” seit men. Foaral by it âlder wurden. Och, wat doch ik myn bêst om bij te bliuwen. Op ferskate manieren besiikje ik bij te bliuwen. Sa wol  op it terrein fan  de polityk  technyk as  op maatskiplik  flak. Ik ha nea in stjer west yn learen. Allinnich op it mêd wer`t myn interesse op dat stuit [Lês mear »]

Michiel de Ruyter

Hawwe jimme de film fan Michiel De Ruyter al sjoen? Ik net mar ik sil er hinne. Ik bin ommers nei him ferneamd! Ùs nationale held De Ruyter, de namme wert ik myn libben lang  grutsk op west ha. Op skoalle al… ik wie net in De Vries, in Dijkstra as in De Jong mar in De [Lês mear »]

‘Tiden hawwe tiden’

Oant ein fan dit jier oersjoch ik myn ‘tidenhawwetiden‘ noch es. Dit jier hat my fan alles brocht, sa wol wille as fertriet. Mar hjir koe ik myn aai kwyt. Tûzend kear ha ik my foarnaam; ik hâld er mei op. Ik krige minder lêzers en foarby gongers. “De minsken binne op my ùtsjoen.” sei [Lês mear »]

Mankelikens

Foar dat ik oan it nije jier begjin mei ik graach efkes werom sjen. Sûnder dat ik it wol komt er in gefoel fan mankelikens oer my. ‘Dy gefoelens binne foar âlde minsken‘ ha ik altyd tocht. Mar no doch ik er sels oan mei. Tinzen oan wat it my brocht hat en wat ik [Lês mear »]

Advintsferhaal

Naamloos-1“Wolst  in advintsferhaal fertelle?” frege it bestjûr fan de frouljusferieniging. De Advintsjûn komt er wer oan en dat giet al jierren sa.

Foar de pauze in Nederlândsk ferhaal en dernei in Fryske. En dat mei ik jier yn en jier ùt dwaan. Se moatte koart wêze fan ynhâld hawwe en net te dreech. Troch de jierren hinne bin ik troch de Fryske skriuwers hinne.

Dan moat ik sels mar los.‘ betink ik my. Nei in protte stinnen komt it ferhaal der ùt.

It is in ferhaal wurden ùt de oarloch wat ik as bern meimakke ha. De earste rigels stean op papier. Hoe fierder ik  yn de tiid werom gean hoe mear de kontoeren dùdliker wurde.

Ùs heit siet yn in fersetsbeweging. Ùs mem koe net oer ferried en ûnrjochtfeardichheid en ferprate har noch alles. En dan moast it wer rjocht breide wurde om ùs heit net te ferrieden. It is in oangripend ferhaal wurden en elke Advint moat ik it wer fertelle.

It hat de frouljusclub wol in lid koste: se fielde har troch it ferline oansprutsen. Nei hast sântich jier is de groede noch net hele, tink ik fernuvere.

Wolst dat Advintsferhaal noch es dwaan?”  freget de foarsitter.

En ik, ik meitsje it noch spannender. Sa  kin it ferhaal noch jierren oan it neigeslacht troch jûn wurde…

Read more

Faker sjen

De frachtrider set in ôfgriislike grutte doaze yn ‘e gong. “Moat it hjir wol wêze?” freegje ik noch. Jo witte it hjoeddedei net mear as it wol doogt. “Ja hear,” seit de jongfeint; “jo namme stiet er op.” Ik set de doaze op `e tafel. Ik bin nijskjirrich wat dit wêze mei. Bergen kerlich skom komt my temjitte. [Lês mear »]

De kapster

Om de fjouwer wike stiet it reade autootsje foar de doar. Mei grutte letters stiet er op ‘Sieta`s Rijdende Kapsalon‘. In jier as wat allyn ha ik myn pols brutsen en sa kaam se by ùs oan hûs. En ik moat sizze ta grutte foldienens oan beide kanten. “Kom fierder.” sis ik en eltse kear [Lês mear »]

Mediator

Ik ha in mediator nedich; wy hawwe in kwestje. In skeel fan ynsicht tusken it lichem en de geast. Sy binne it wol faker net iens. De geast hat altyd plannen en it lichem giet er altyd tsjin yn. De geast seit; ” Hy is dwers.” en it lichem seit; “Hy wit it altyd better.” En altyd [Lês mear »]

>