Bijbliuwe

ticktockBijbliuwe.” seit men. Foaral by it âlder wurden.

Och, wat doch ik myn bêst om bij te bliuwen. Op ferskate manieren besiikje ik bij te bliuwen. Sa wol  op it terrein fan  de polityk  technyk as  op maatskiplik  flak.

Ik ha nea in stjer west yn learen. Allinnich op it mêd wer`t myn interesse op dat stuit lei.

Foar de klasse stean: gedichten en psalmen foardrage… dàn wie ik yn myn elemint. Dan wie it deastil: de bern seagen by my op. Derfoaroer wiene er fakken by dy my alhelendal net leinen.

De lêste jierren helje ik yn rap tempo de skea yn. Buitenhof, Jinek, Andere Tijden, Zembla…  ensafierder. Ik krij er gjin genoch fan. En dan it wrâldbarren noch: ik bin er noch net klear mei.

Ik wol myn horizon ferbreedzje en dat moat yn rap tempo.Want hoefolle tiid haw ik noch?

En ik wol net as in unûntwikkelde loat myn eigen stambeam ûntsiere. “Wy  hâlde fan dy sa asto biste.” seit er.

Moai sein mar ‘de  tiid hâld gjin skoft‘…

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien