Allround

giphy2Wylts ùs hurdriders har klear meitsje foar de WK Allround yn Calgary haw ik myn eigen ‘allround‘.

Hast wiete sokken?” freegje ik myn man. “Hoe komst er by?” seit er brimstich.

Ik stean yn de keuken en stap yn in dobbe wetter. “Dan hat de hûn it dien.” sis ik en sjoch nei Max dy unskuldich as in  pyk yn t aai my oansjocht.

Nei fierder undersiik blykt de doar fan de djipfries iepen te stean.

Wa hat sa sleau west!” rop ik en sjoch him ferwitend oan. Yngreven begjin ik de brot te untteien. ‘Wat hie ùs mem it dan noflik’ betink ik my. Sa as elkenien eartiids hie se gjin djipfries. De bierfleskes waarden yn de feart setten, de molke en de brij waard daliks opiten.

Nei oeren fan earmoedzjen en wrotten kin de stroom wer oan.

It WK… dêrfoar hoech ik dizze kear net nei Calgary ta. Ik ha myn eigen ‘allround‘ hân…

mem

Diele mei:

2 Comments on “Allround

  1. En zo moet je onverwacht hard werken, maar wel weer een lekker frisse diepvries.
    Handig zijn die koeltassen! Goed idee voor tijdens het schoonmaken, ga ik ook toepassen.
    Ik kan me ook geen leven zonder diepvries meer voorstellen.
    ManB wilde mijn diepvries (koelkast model) wegdoen en de zijne- 2 laatjes- houden.
    Maar zo gaat dat niet. Ik heb ze allebei nodig!
    Vanavond kun je in ieder geval tevreden zijn over gedane arbeid.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien