Faker sjen

't Is watDe frachtrider set in ôfgriislike grutte doaze yn ‘e gong. “Moat it hjir wol wêze?” freegje ik noch. Jo witte it hjoeddedei net mear as it wol doogt.

“Ja hear,” seit de jongfeint; “jo namme stiet er op.

Ik set de doaze op `e tafel. Ik bin nijskjirrich wat dit wêze mei. Bergen kerlich skom komt my temjitte. De doaze is hast leech as ik in hiel lyts pakje lizzen sjoch. In each mei in triet der oan sjocht my oan. In grut fel papier ferhelled yn it Ingelsk wat it wêze moat: in webcam.

Ik skilje de jongste soan, hy allinnich docht soks.

Wat betsjut dit?” freegje ik him. “We moatte elkoar faker sjen.” seit er; “We sjogge elkoarren te min.” “Sis mar hoe as it wurket.” sis ik.

Nei in protte hin en wer gedoch sjoch ik him sitten. De beide reade katten rinne troch it byld, de hûnen blaffe op de achtergrûn. “Wol mem myn keamer ek sjen? En de tùn?” freeget er; “Dat kin no allegearre .” 

In rek mei wask stiet achter him, de stofsûger stiet midden oer de flier. “We moatte elkoar faker sjen.” seit er. Syn stim is oars as oars.

Mar as wy it each faak brûke sille. De tiid sil it leare.

Diele mei:

3 Comments on “Faker sjen

  1. Jo kinne no ek sjen hoe in nij kapsel stiet by de oar.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien