Tsjuster Wêr bliuwt dy sinne?

Jannewaris hat koarte dagen, it is krekt as giet de nacht oer yn de nacht. Healwei de dei nimt de nacht efkes pypskoft om dan wer oer te gean yn it tsjuster.

Om earlik te wêzen; ik kin er min oer. Ik bin in bern fan it ljocht. Ik fleurje hielendal op as de sinne him ek mar efkes sjen lit as is it ek mar in streekje as in glimke.

“Moat it no sa?” seit myn man as ik ier en betiid de kersen oanstek. “Ja,” sis ik; “wolst in wiif as eamelsek as in ien dy `t op skik is?”

Ek kin ek net bêst oer tsjinslach, dat is einliks ek in faset fan it tsjuster.

Mar sa as it ljocht altyd wrakselje sil mei it tsjuster, sil it ljocht dochs altyd oerwinne. Want as it altyd ljocht wêze soe, hoe kin min dan it tsjuster wurdearje as oars om?

“Jo hawwe fitamine B nedich.” seit de rimmetyk dokter tsjin my; “Jo hawwe de sinne nedich.”

Ik bin it roerend mei har iens. Oant salang de kersen mar oan.

LÊS EK:  Identiteitskaart
  • Ik heb nooit iets met het weer, kan mij niet slecht genoeg zijn. Al vind ik het nu wel sneu voor de Friezen dat er straks een aardbeving kan komen door het gewoel van de muizen in de grond.

    Misschien is vit.D wel belangrijker om het zonlichtgebrek op te heffen.
    Afwisseling tussen licht en donker kan ik wel waarderen. En nu het al zolang regent vind ik dat ook geweldig, ik zit toch maar de hele dag voor het raam naar het vogelvoederplekje te kijken die mijn buurvrouw altijd klaarzet (voor “haar” vogeltjes, die ook bij mij uit het pindakaaspotje snoepen.

    Weer een mooi verhaal! En een prachtig mannetje op de bank.

  • >