De kapster

hairOm de fjouwer wike stiet it reade autootsje foar de doar. Mei grutte letters stiet er op ‘Sieta`s Rijdende Kapsalon‘.

In jier as wat allyn ha ik myn pols brutsen en sa kaam se by ùs oan hûs. En ik moat sizze ta grutte foldienens oan beide kanten.

“Kom fierder.” sis ik en eltse kear begroetsje wy elkoar mei: “Wat giet de tiid hurd foarby, nèt?” “Alles goed mei dy? Mei man en soan ek?

Yntusken lei se in grutte doek oer de flier en in noch gruttere oer myn skouders.

Hoe wolle jo it ha? Koart as lang? freget se eltse kear. “It wurd hjerst. Sille we it mar wat lang hâlde? En achter mar wat koarter? Dat stiet wat jongeftiger.”

Al keufeljend fleant de tiid om.  Al gau binne we wer op `e hichte fan elkoars dwaan en litten. Yntiid hat se twa klanten der by krige; myn man en de soan. Se fine har in ynnimlik frommeske sizze se.

Hertlik nimme wy ôfskie en eltse kear rop ik har nei; “Pas goed op dy sels hear!” De reade ridende kapsalon ferdwynt om `e bocht.

De kapster. Se is in bytsje myn dochter wurden.

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien