![]()
“Âlde beammen moatte net
to swier snoeid wirde…”
D at wurdt neat’, sei Dokter Snijder, do hy him oer it ombouwe widske bûgde. It wie in bôllekoer fan Bakker Kooistra west. Hy beseach it bleke, skrale popke es en gong hastich de doar út; ‘Mar faaks rêdt hja har wol,’ sei hy tsjin ús mem, ‘se hat sokke grutte blauwe eagen.’ [Lês mear »]
Ik ha in ‘tik’ dy elkenien by him sels ek goed werkenne sil. Bewust as ûnbewust, wy hawwe sûnder it miskien te beseffen, allegearre in tik. Ik ha ek in frjemde tik wer ik myn libben lang al lest fan ha: it ynterieur, sis mar de ynrjochting fan de wenkeamer, dy moat altyd oars. Der [Lês mear »]
Wat wol mem no?’ freget de soan, en hy wiist op in papier wat al dagen útdaagjend prominint op ‘e tafel leit. It is in wilsferklearring dy ik ynfolje moat, en der skiet ik no al dagen tsjin oan. De doktersassistinte hat him brocht en dy moat ik no ynfolje. Mar ik bin der noch lang [Lês mear »]
![]()
“Âlde beammen moatte net
to swier snoeid wirde…”
Myn gebit hat nei jierren trouwe tsjinst de moet opjûn. Ik nim it him net kwea-ôf. De iene nei de oare tosk as kies falt út de mûle. As famke fan trêdzjen moast ik al nei de toskedokter. Mar dat wie foar my in feest want de dokter hâlde sitting by de doarpskapper! Der sieten [Lês mear »]
It is wer safier: in nij jier stiet 0p de libbensdoar te klopjen. Ik wol net oan dat stomme gedoch -werom sjen- meidwaan. It jout ús neat, it jier is foarby, jo kinne er ommers neat oan feroarje en it is sûnde fan jo enerzjy. En dochs dogge jo er oan mei… efteromsjen. Somtiden wie [Lês mear »]
Ynkringend giet de doarbel, ik rop: ‘Ik kom ‘r oan!’ ‘It iten is betiid hjoed’, betink ik my. Senuweftich sykje ik om myn skuon. In frjemde gewoante miskyn, mar ik rin altyd op bleate fuotten yn hûs. Dan bin ik mysels want ik bin thús. De doarbel hâldt oan. Wer bin dy ferhipte skuon ek [Lês mear »]
Ik kom noch efkes om in bakje kofje, hear.” “Da’s goed,” sis ik, “mar ik ha de nachtpon al oan.” “Dat jout neat, ik ha mem wol faker sa sjoen.” seit er. Nei in smout petear giet er wer fuort. Efkes letter giet de telefoan; “Mem, ik ha de kaai lizze litten en no kin [Lês mear »]
Ha ik it goed dien as mem?’ frege ik de soan op in rêstich momint. Normaal freegit min dat net oan de bern, mar dochs woe ik dat wol es witte. Op sommige mominten twivelje ik wol es oan mysels. Ik ha altyd myn best dien, mar it hong faaks fan de omstannichheden ôf en hoe [Lês mear »]