Toskedokter

trochPosted on 1 Comment1min read201 views
Myn gebit hat nei jierren trouwe tsjinst de moed opjûn.

Ik nim it him net kwea-ôf. De iene nei de oare tosk as kies falt út de mûle.

As famke fan trêdzjen moast ik al nei de toskedokter. Mar dat wie foar my in feest want de dokter hâlde sitting by de doarpskapper!

Der sieten se allegearre op in rigele tsjin de muorre oan; froulju as manlju troch in oar hinne. De iene moast knipt wurde en in oare skeard. Der siet ik dan tusken en hie de earen wiet iepen.

Hawar. As lêste klant fan de toskedokter gong ik dûnsjend nei hûs ta, de holle fol mei ferhalen oer minsken dy my tige dierber wiene, minsken fan myn doarp.

Troch de jierren hinne haw ik plichtsgetrou it gebit neisjen litten, mar it wie oars as eartiids.

Ik ha in ôfspraak makke mei myn nije toskemonteur, de âlde is mei pensjoen. It is in man fan bûtenlânske komôf. In sympatike man hear, dat wol, mar wy moatte wol oaninoar wenne.

Hy wit neat fan it bankje út myn doarp, en ik wit neat fan syn jeugd. Spitich.

It betrouwen moat noch komme, hat myn gebit dêr noch de tiid foar?

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

1 Comment
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

[…] Lês fierder bt Tiden hawwe Tiden […]

Previous
Werom sjen (2)
Toskedokter

1
0
Would love your thoughts, please comment.x