Mem

Ha ik it goed dien, jonges?

troch Posted on 1 Comment 1 min read 2083 views

Ha ik it goed dien as mem?' frege ik de soan op in rêstich momint. Normaal freegit min dat net oan de bern, mar dochs woe ik dat wol es witte.

Op sommige mominten twivelje ik wol es oan mysels. Ik ha altyd myn best dien, mar it hong faaks fan de omstannichheden ôf en  hoe it sin wie.

Hy is de jongste fan de trije en net de maklikste. En dochs liken wy fan aard op inoar, as it ús net noaske dan lei it altyd oan in oar.

Myn man begrypt it wol, hy kin my al sa lang.

De twadde soan is oars fan aard, hy ferwurket alles by him sels.

'Wat seist er fan?' sis ik dan nei in  lange perioade fan stilte. Hy sjocht my oan en seit 'Wat frege Mem ek alwer?'

Ik moat neitinke... wat frége ik al wer?

Mar de leafde tusken ús trijen is dúdlik merkber. Maklik? Né, mar de leafde hat altyd de boppetoan.

Ha ik it goed dien, jonges?

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
1 Comment
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]

Previous
Rêchsekje
Mem

1
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x