Oer mijsels

Toskdiskriminaasje

trochPosted on 1 Comment1min read1172 views

Sûnder reden, gjin hurde nùtsjeboel as sa, falt er in fulling ùt myn kies. In pear dagen letter noch ien, en omdat ik grutsk bin op myn eigen gebit meitsje ik my der soargen oer.

Ik gean nei immen ta fan it âldereinhûs, dy my miskyn fierder helpe kin.

In skofke letter komt se werom en seit, ‘Mei oerliz soene wy wol helpe kinne.’

Om wis te wêzen skilje ik mei myn toskedokter en lis him it gefal ùt.

Ik krij de assistinte oan de line. ‘Waar woont u?’ freget se, ‘Dat witte jimme wol, ik bin al wol fjirtich jier klant,’ sis ik.

Se hawwe in probleem, bemerk ik wol. Se besiikje er ûnder ùt te kommen, se binne er mei oan.

Dan krij ik de toskedokter sels oan de line. ‘Waar woont u?  freget er wer.

Ik sis, ‘Yn in âldereinhûs. En ik ha twa losse fullingen.’

‘Het probleem is,’ seit er nei in skofke, ‘verzorgingstehuizen dat zijn haarden van virussen. Daar komen wij liever niet.’

‘Ja, mar ik moat dochs holpen wurde,’ sis ik nijsgjirrich. 

‘We moeten wachten op wat Premier Rutte te zeggen heeft. Zien we daarna verder.’ seit er. 

Myn soan kaam thûs, en krige tafollich itselde ungemak mei syn gebit. Mar hy koe daliks holpen wurde (..).

‘Diskriminaasje.’  ropt er, mar sa fier wol ik net gean, jo wol?  

Toskdiskriminaasje. It moat net gekker wurde.

Emosjoneel

trochPosted on 4 Comments1min read1127 views

Hat mem ek boadskippen nedich?,’  freget soan T.

‘Ja,’ sis ik, ‘mar do meist er net yn. It gebou is sletten.’

‘Wat hat mem nedich?,’  freget er en ik neam de meast unnutte saken op.

Efkes letter krij ik it berjocht; ‘Ik kom er oan, hear !’

Ik set my foar in raam wat in bytsje iepen kin. ‘Soene de boadskippen der troch hinne kinne?’ freegje ik my ôf.

‘Wêrom bin ik sa emosjoneel?’ sis ik tsjin my sels wylts ik wrakselje tsjin de triennen.

Ik gean foar it raam sitten en sjoch nei alles wat beweegt. Hoefolle heiten, memmen, paken en beppen soene foar dit raam sitten hawwe om mar in glimp fan har bern op te heinen?

Boadskippen kin min noch sûnder mar de oandacht fan de neisten makket it ferbliuw hjir dragelik.

‘Dag mem! Oer in pear dagen bin  ik der wer, hear!’ 

De boadskippen wurde by de baly delset en moatte yn karantêne…

Achthûndert

trochPosted on 1 Comment1min read1214 views

Yn in rûnte fan tachtich jierrigen bin ik oan it foarlêzen ût Tidenhawwetiden.

De measten lju sitte yn in oanpaste wein as hawwe de rollator under hannerik. De iene is noch hiel skerp fan geast en de oare lit de wurge holle al gau hingje. 

Myn freondinne lêst foar yn de Hollânske taal en ik yn de Fryske.

By underfining wit ik dat it in koart ferhaal wêze moat, it moat werkenber wêze. It moat daliks hun oandacht hawwe, se moatte it sels wer opnij belibje…

Troch de tiden hinne skreun ik oer blidens mar ek oer fertritlikens.

Oer  myn man en ùs jonges, oer hun wederwarichheden (“Net alles fertelle, Mem.” seine se wol es). 

Oer Max, Olly, Jelle en Stientsje, want bisten hearden er altyd by.

Mar it gie ek faaks oer lju dy ik tsjin kaam yn it deistige bestean. En wat is no boeiender dan minsken?

Blidens en drôfens wikselden mekoar ôf, ek yn myn libben.

De achthûndertste tiden mocht ik hjoed skriuwe, it iene sloech meer oan as de oare fansels, en de stavering wie ek net altyd sa as it wêze moast.

Tige tank, freonen, folgers, lêzers én passanten, foar al dy jierren fan freonskip. 

Achthûndert… 

Efterom sjen

trochPosted on 2 Comments1min read1138 views

Sjogge jimme wol es efterom op it ein fan it jier?

It kin troch omstannichheden weze of as de dagen koarter wurde. Of in freon wer sto hiel goed mei prate koeste, der net mear is.

Ek ik hie sa san momint. Komt dat no troch it sentimint fan Krysttiid, freegje ik my ôf.

En der wol ik net oan tajaan. “Foarùt sjen.” sei myn heit dan. En hy koe it witte… hy wie âld.

En dochs kin it gjin kwea en sjoch efkes efterom, it is oan dy hoe fier dast werom gean wolst. Net om wat mislearre is mar hast der wol alles ùthelle wat er ùt te heljen wie?

Fan mysels wit ik wol; der wie noch folle mear ùt te heljen west, as de omstannichheden oars west hiene.

Jo kinne it derop skowe as in oar de skuld jaan, mar ut einlik moast it foar in grut part sels dwaan.

Ik sil op de râne fan Âld & Nij mei in trien en in laits derop werom  sjen, it hat goed west.  

Efterom sjen…

Yn wearde litte

trochPosted on 1 Comment1min read985 views

Se stiet flak foar my en raast wat yn myn ear.
Ik skrik sa dat ik it kopke kofje falle lit. 

“Werom raze jo sa?”  freegje ik.

“Jo binne dochs doof?” seit se.

“No, ik hear miskyn better as jo, juffer.” sis ik lichtelyk oanbrând.

In hushâldelikehelp komt de keamer yn en rint regelrjocht op myn buro ta en begjint te sykjen.

“Wat sil dat?” freegje ik.

“Ik sil efkes in ôfspraak foar jo notearje.”  seit se.

“Lit dat mar oan my oer.” sis ik noarsk en sko har oan kant.

‘Is dit no soarch?’ freegje ik mysels ôf. As seit de tabblêd dat, wert se de hiele dei op rinne te sjen?

‘It is de moderne tiid’ sizze de  bewenners dy hun er net sa drok om meitsje en it wol bêst fine.

Sa bin ik nea west. Selsstannich wêze,  dy sels rêde… dat is altyd myn slogan west.

Mar as de tiid der is sil ik ien fan de earsten wêze dy er tankber gebrûk fan meitsje sil.

Nettsjinsteande ha ik enoarme bewûndering foar al dy lju dy yn de soarch wurkje.

Dei en nacht stean se klear foar minsken dy mei it lêste eintsje fan hun libben dwaande binne. 

Mar ûndanks dat hja as folweardige meiminsken behânnelje. 

Yn har wearde litte …

Misse

trochPosted on 2 Comments1min read1193 views
Foto troch Matt Hoffman op Unsplash
Moarn.” sis ik; “Hast in goeie nacht hân?”

“It wie benauwd fannacht, hè!”

“Hast ek lêst fan miggen hân?”

“Hoedest de dûnstekken net oer. Dat skeelde wer!”

“Wat silst hjoed dwaan? Hast ek plannen?”

“Wolst sto dy earst waskje as sil ik earst?”

It is it alledeiske gewoane praat. It hat neat om ‘e hakken mar it heard er no ienkear by.

Allinnich Styntsje siket alles ôf; yn kasten en ûnder bedden.

Ik hjit twa kopkes kofje yn, en meitsje twa stikken bôle klear.

Eartiids hiene wy in man yn it doarp dy altyd yn him sels prate. Hy hie dan ek de bynamme; ‘Freak en ik’.

Ik beslùt dat perfoarst net te dwaan, ik sil dan ek in oare wize fine moatte om te kommunisearjen.

“Wat fynsto derfan?”

Ds. Hasperskoalle hûndert jier

trochPosted on 0 Comments1min read1194 views

Mei in protte leven en gerattel komme se oanfytsen.

Dizze famkes binne underweis fan Âldeboarn nei de hùshâldskoale yn Akkrum.

It wie fuort nei de oarloch, it sil it jier njoggentjin achtenfjirtich west hawwe .

Dat gerattel kaam ùt de fytstassen dy fol treaun wiene mei koperen tsjettels en kwispeldoors. 

Hja soene koperpoetsen krije, en om dat it krekt oarloch west is moasten de leerlingen it materiaal sels meinimme.

Der wie noch net in offisjele hùshâldskoalle, er waard lês jûn yn ferskate lokalen sa as  it Waachgebou en de M.U.LO. 

It hat myn moaiste tiid west mei in soart wille en gekjeien. Sa krigen wy A.v.e.o. les fan Master Lyklema, haad fan de Ds. Hasperskoalle

In man dy net allinnich master wie mar ek psycholooch; hy seach wat myn sterke kant wie.

Dat allegearre gong oan myn each foarby do ik te witten kaam fan it hûndertjierrich bestean fan de Ds. Hasperskoalle.

Moaie neitinzen dy diel ùt meitsje fan myn jeugd.

Ferslave

trochPosted on 1 Comment1min read1149 views

Ferslave.

Ik bin it type dat maklik ferslaafd wurde kin. Derom sil ik nea in oardiel hawwe oer ferslaving. 

Ik wit fan mysels dat de ferlieder by alles wat ik doch op `e loer leit. 

It probleem is; ik kin mysels, myn swakkens en myn sterkens.

As it gesellich is makket it neat ùt wannear, dan ha ik altyd muoite mei dy grinzen.

“Gesellich hè?” seit se en hjit noch es yn.

“Wol mem in sigaret?” seit de soan en hâld my in sigeret foar de snùt.

“Ik bin justerjûn ophâlden mei smoken.” sis ik stammerjend, mar nim him begearich oan.

“Noch in pilske?” freget in freon en ik nim him tankber oan. 

Ik krij de pest oan my sels en hap begearlik yn in hearlike kroket.

‘Dat soesto dochs net mear dwaan?’ seit myn gewisse.

‘Hâld dy stil.’ sis ik; ‘Dit is de lêste en dan nim ik noch in jonkje.’

Neat feroare.

Ferslave.

Dinnebeam

trochPosted on 3 Comments1min read1206 views

Ymponearjend en ùtdaagjend stiet er efter yn de tùn, syn tûken stekke fier oer de erfgrins hinne.

Wy sille ferhûzje mar ik ha gjin each foar it hûs, ik ha allinnich mar each foar dy grutte dinnebeam.

“Wat fynst er fan?” freget myn man; “It falt my wol tsjin; in krap huske mei in grutte tùn.”

Sûnder om my hinne te sjen sis ik; “Wy dogge it.”

“Mar do hast it hûs net iens sjoen.” seit er, fernuvere.

En sa gongen wy oer.

Troch de jierren hinne ha wy in betrouwensbân opbouwd, De Dinnebeam en ik.

Do de bûtelânske buorman him omseagje woe om dat er lêst fan de nullen hie, ha ik dat mei gefaar foar eigen libben keare kinnen.

Max en Olly, ùs Cockers, Pinky de Poes. Porky en Bes, katten fan ùs soan, binne tusken syn woartels begroeven.

En no sille wy wer fuort, en moat ik de beam efter litte. We hawwe it tegearre goed troch praten, hy hie der alle begryp foar koe ik wol merkbite.

“As de lju de bile net yn dyn lea sette, dan hast noch in lang libben foar de boech.” sis ik.

En sjoch net mear efterom.

Doch dyn bêst

trochPosted on 3 Comments1min read1784 views

Sûnt alwer in jier as wat allyn bin ik op oantrunen fan in soan mei in webside begûn.

Ik miende as Frysk famke berne en tein yn Fryslân, dat doch ik sa wol efkes.

Ik koe ommers Frysk skriuwe -miende ik- mar dat foel nuveraardich tsjin.

De stavering wie troch de jierren hinne hiel wat feroare. En ik bleun by de âlde oersetting stean want dy hie ik ommers op skoalle leard?

Yn dy tiid do de earste ‘Tidenhawwetiden’ kamen, wiene der gauris krityske opmerkings.

Sa as fan in slachter ùt Ljouwert, dy fûn dat ik my mar bij de wasktobbe hâlde moast.

In frou ùt Drachten sei dat ik er net oan begjinne moast want it Frysk wie te heech grepen foar my.

En gek genoch, tocht ik, se kinne om my de (Kryst)beam yn. “Ik gean gewoan troch. Dat bin ik oan mysels ferplichte.”

It moaie derfan wie,  ùs jonges hawwe troch myn fratsen it Fryske skriuwen en lêzen leard.

Hja korrizjearje my nò, en sa ha wy fan beide kanten ùs Memmetaal kennen leard.

Doch dy plicht bêst en lit de lju mar rabje…