Bleate fuotten

trochPosted on 2 Comments1min read323 views
Ynkringend giet de doarbel, ik rop: 'Ik kom 'r oan!'

'It iten is betiid hjoed', betink ik my.

Senuweftich sykje ik om myn skuon. In frjemde gewoante miskyn, mar ik rin altyd op bleate fuotten yn hûs. Dan bin ik mysels want ik bin thús.

De doarbel hâldt oan. Wer bin dy ferhipte skuon ek al wer?

Dan samar nei de doar en op bleate fuotten doch ik de doar iepen. Der stiet de direkteur fan it fersoargingshûs foar myn noas, mei in skaal fol oaljekoeken.

'Wat aardich fan jo', sis ik en sjoch nei myn bleate fuotten. Wat spyt my dat no dat ik myn nije skuon net oandien ha.

Mar de man hat se hooplik net sjoen. En nei in wolmiende âldjierswinsk giet hy nei de folgjende doar.

Wat in aardige, knappe man, en hy bringt ek noch oalje koeken lâns. De dei kin by my net mear stikken.

Och ja; ik ha se fûn, myn skuon, krekt doe 't ik de doar wer tichtdie...

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

2 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Rob Alberts

Tot mijn verbazing zie ik dat jouw blogposts ook vertaald naar het Nederlands te lezen zijn.
Terwijl ik juist zo geniet van jouw Fries.

Lezend kom ik aardig uit de voeten met jouw teksten.
Waarbij ik mij afvraag of dit luisterend ook zou lukken?
En dan bedoel ik niet mijn slechte gehoor.

Nieuwe schoenen heb je gekocht?
Maar je geeft juist een blote voeten foto bij jouw blog.

Ik maak meteen van de gelegenheid gebruik om jou heel veel gezondheid en geluk voor 2023 toe te wensen.

PS: met veel blogplezier erbij ...

Optimistische groet,

appelvrouw

Mooi gemanicuurde nagels hoor, en met kromme tenen staat het extra mooi.
Misschien is de directeur wel een voetenfetisjist en moest hij gauw weer weg na het aanschouwen van je prachtige voeten.

Previous
Fuotbal
Bleate fuotten

2
0
Would love your thoughts, please comment.x