Corona

Puzelje

troch Posted on 0 Comments 0 min read 237 views

We moatte wat dwaan, tocht ik by my sels op in nacht do ik net sliepe koe.

Nei dat ik de hele famylje oan myn each foarby gean litten hie, tocht ik; 'En de lju dan dy oan dyn gong wenje?' Hoe kinne se my no en hoe kin ik har? Wy kinne inoar sa stadichoan fan it moarn en dei sizzen, mar der hâldt it mei op.

En sa kaam ik op in idee om in puzel út te lizzen op in tafel, midden op 'e gong. Sadat elk dy er lâns komt it ûntbrekkende stikje derby sykje kin.

De earste puzel is al klear, de twadde komt er oan. It is in grut sukses.

Wylst de fingers troch de  stikjes puzel geane wurdt er praat, oer wat min persoanlik dwaande hâldt.

Ik lear in buorfrou kinnen dy mei in fuotballer troud is. Myn buorman dy syn libben lang timmerman west hat. In oaren ien hat boartsjebouwer west en 'hat de skipkes op it droege', seit er grutsk.

Geande wei komme se los, en sa leare wy inoar better kinnen.

De puzel is ôf de twadde leit al klear. Se binne net oan te slepen. Anton Pieck is no oan beurt.

Wy binne tichter by inoar kaam, en dat wie de opset ommers!

Der sille mear puzels foar nedich wêze dat wy inoar goed kinne  mar it begjin is er.

Puzelje!

Jierdei yn beheindens

troch Posted on 3 Comments 0 min read 565 views

Op myn jierdei, wer ik neat fan ferwachte hie, mochten mar trije minsken komme. No, dy wiene dy wike al west, dat ik hoegde gjin djoere Oranjekoeke te bestellen.

Ek de sliterij koe ik foarby ride, de drankoargels en dy thús nea sêd krije bleaune thús.

Myn broer en syn frou, dat wist ik, dy komme al salang as sij libje. Mar oare gasten hie ik net op rekkene. De measten sieten yn karantêne.

Mar geande wei waard de rûnte grutter en grutter. 'Oardel meter! rop ik tusken de buorrel en it gebak troch. Mar nimmen ferstiet my net mear.

It petear giet oer it gefaar fan de besmetting. We binne it hielendal mei inoar iens; ôfstân hâlde, en sa krûpe wy geande wei tichter tsjin inoar oan.

It wurdt letter en letter en de sfear is goed. Wy binne it mei minister de Jonge iens, gjin feestjes, dat is te nuodlik mar san jierdei oan hûs moat dochs kinne?

En ik gean noch mar es mei in drankje lâns. It wie geselliger as eartiids do alles mocht en koe is min algemien fan miening.

Hja komme ien foar ien by my lâns en jouwe my in triuw mei de earmtakke.

'Betanke hear!' sis ik mei it moet fol en jou gjin tút. No ja, in lytske  dan...

Tige tank, minsken!

Nea ferwachte mar in  hiel soart werom krige.

It wie in jierdei yn beheindens. 😊

Besite

troch Posted on 1 Comment 0 min read 384 views
Foto troch Abdullah Ahmad fan Unsplash
Mei ik komme?" freget se skruten. Hja stiet by de haadyngong.

De juffrou dy telefoantsjinst hat, hâldt har oan de regeltsjes. "Jo hiene jo melde moatten." seit se wat soer.

Nei ûntsmetten fan hannen en mûlkapke mei se nei boppe ta.

"Jo binne al in kear by jo mem west." seit se tsjin myn soan en bledderet yn de papieren.

"Ja mar dat mocht dochs," seit hy, "Ik bin net yn hûs west. Ik ha har allinnich mar op helle..."

No meie wy trije besikers yn 'e wike ha, de rigels binne wer losser wurden. Wa sil ik freegje?

Ik wit it net. Sy hawwe grut gelyk mei har string belied mar... hoe folle fertriet komt der efter wei?

Trije besikers yn 'e wike. Gesellich!
(..)

Pas op inoar,
dat is it beste

troch Posted on 3 Comments 0 min read 1376 views

Wolsto dy yninte litte tsjin de corona?

Dat is de wichtichste fraach hjoed de dei. De minsken om my hinne binne yn de war; wat is it beste? De bern wurde skille, sels witte se it ek net wat te dwaan.

Fan heger hân witte se it ek net, seit min. Min kin kieze: moarn yn Ljouwert of pas folle letter hjir, yn it tehûs.

Hoe komme wy yn Ljouwert? En de bern fine dat it sa gau mooglik gean moat.

'It skeelt wol twa wike mei de GGD,'  sizze se, 'we binne twa wiken langer beskerme.'

Wat is dat op in minskelibben, twa wike? 'Leaver hjoed as moarn.' seit de soan.

'Ik bin oan alle kanten beskerme,' sis ik, 'Ik ha as popke al hiel lyts ûnder in protte gegûl ynjeksjes hân en bin tachtich jier wurden.'

It hoecht om my net, al dy heisa. Mar ik bin mar taskouwer en hear nei de lju om my hinne.

Pas op inoar, dat is it beste...

Optimistysk bliuwe...

troch Posted on 1 Comment 1 min read 604 views
Foto troch Snowscat fan Unsplash
Hy soe er rûn kofjetiid wêze.

Ier en betiid fan bêd ôf, fansels. Einliks al yn de nacht oan it skarreljen. Want sa bin jo as mem. Hâldt hy no fan reade wyn as rosé? Bier net, dat wit ik noch wol. In pear gebakjes kocht en ik bin er klear foar.

Mar it wurdt letter en letter en gjin soan te sjen. 'Kom mar wat letter.' ha ik noch sein; 'It is hartstikke glêd.'

De telefoan giet. Hy seit: 'Ik mocht er net yn want mem hie fane wike al ien op besite hân. D'r mei mar ien besyker iene wike komme.'

Hy is wer nei hûs gong. Ik ha de Oranjekoeke yn de djipfries dien en de wyn yn de goatstien lege.

Ien minske mei op besite komme, mar wa? Hoe moatte wy dat no hawwe? We hawwe twa soannen...

Rinne wy no net mear emosjoneel skea op dan troch it firus? freegje ik my ôf.

Oant nije wike, hear. Jimme moatte ûnderling mar útfjochtsje wa komme mei as wa net. As it mar ien persoan is.'

Optimistysk bliuwe. Wa sei dat ek wer?

Oankrûpe

troch Posted on 1 Comment 1 min read 706 views

We steane tegearre foar de kassa yn de supermerk, de man en ik.

Ik wit net wat it is mar somtiden dan springt er in fonk oer. Hy wie my al earder op fallen, do bleaun it by in knikje.

Ik bin hjoed wat yn in dwerse bui, dat hat min wol es, wat der de reden fan is?

It begûn al by de haadyngong. Der hâlden se my tsjin omdat myn noastergatten te sjen wiene, en dat is in útnoeging foar it firus, seine se. En sis no sels, wa wol der no ynsitte?

Efkes letter stean ik yn de supermerk. Ik hâld my netsjes oan de giele strips dy't oeral op 'e flier plakt binne.

Mar de man dy my al earder opfallen wie lit my foar gean. It  kassafrommeske ropt; "Jullie moeten je aan de strips houden, hoor!"

"Ha jo in sintimeter by jo? Dan sil ik it efkes útmjitte." seit er. Ik hear it wol, wy sitte yn deselde dwerse bui. 

"Mar as dat net mei, mei ik jo dan wol efkes oankrûpe?" freget er gnizend efter syn mûlkapke.

"Nee," sis ik. "der moatte jo mei wachtsje dat alle golven oer ús hinne gong binne. De tiid fan oankrûpen en ôfstân hâlde is noch net foarby!"

Ik set it mûlkapke op en gean fuort. It krûpke komt wol as it mei fan de tiid...

Kryststikje fan it Libben

troch Posted on 3 Comments 0 min read 805 views

Troch de coronarigels wurdt er troch de fersoargingshûzen fan alles útfûn om de minsken mar ôflieding te jaan. Ek oan my waard de fraach steld; "Wer hâlde jo fan?" Der moast ik oer neitinke.

Spultsje dwaan as kryststikjes meitsje?
Kryststikjes meitsje kin ik ek net -ik bin net kreatyf- mar ferhalen fertelle, dat kin ik dan wer wol..

Spultsje dwaan wol ik net, ik kin net oer ferlies. Ik moat my ta de tienen út skamje; it hat my nea boeie kinnen. Wol doe de bern lyts wiene mar letter net mear, doe hie ik wichtiger dingen oan 'e holle krige.

Damjen en skaken, dat waard noch wol dien, mar der wûn de telefyzje it úteinlik wer fan. Ik fernuverje my er alle dagen wer oer wat men noch wit fan dy âlde spultsjes.

"Krystkaarten meitsje, dat is wat foar jo." sei se, en skoud my in oerbiede doaze mei materialen oan. Oan in grutte rûne tafel sitte fjouwer froulju, hja ha keazen foar de krystkaart.

It begjint al mei in protte steuring, se wolle allegearre deselde skjirre ha. Ek oan de sulveren ingel wurdt lutsen.

Ik hâld my ôfsidich en fernuverje my oer safolle kriich op dy âldens.

It is stil wurden, einliks hat elk syn opdracht fûn. Ik sjoch om my hinne en tink 'wat foar minsken binne dit no?  want dát boeit mij.

'Wa bin dit? Wat ha se yn har lange libben dien? Wat ha sy meimakke?'

Stadichoan wurdt it stiller en ûnder it plakken en knippen troch komme de ferhalen los. In frommeske hat altyd in blommesaak hân, mei feardige fingers siket se om it juste tûkje en stjerke.

Mar de measte fingers binne te grau troch it swiere wurk wat se har libben lang dien hawwe.

It grutste part hat buorke, se ferhelje oer minne jierren mar ek oer de goeie, do alles noch yn de fleur wie.

Wylst de kryststikjes groeie ûnder de fingers, sit ik boeit te lústerjen. De tiid flócht om.

Mei grutte bewûndering sjoch ik nei dizze froulju,

it moaiste kryststikje sit rûn de tafel, it is net nei te meitsjen.

Hightea

troch Posted on 4 Comments 1 min read 958 views

Foto troch Jess Bailey fan Unsplash

Wert ik al benauwd foar wie is fannewike bard; de omkriten fan de tafels binne yn 'It Fermidden' grutte rûmtes wurden. Der meie no mar twa man om in tafel sitte en oardel meter der tusken.

No, dan witte jimme it wol, tink?

De lju binne âld en hurdhearich, der wurdt hiel wat ôfroppen en raast.

Juster hiene wy Hightea en Kletspot yn niisneamde grutte seal. Wat dat wie wist ik net. It dy bliken dat wy meielkoar prate koene oer it middeis-iten. As wy der klachten oer hiene, dan koene wy dy dan melde.

No, der kaam nochal wat los fansels, komplimintsjes mar ek krityk.

It frommiske dy it petear wat yn goeie banen leide moast koe it hast net bypoatsje.

De fragen gongen ûnder oaren oer 'Wat moat er feroare wurde?' en 'Wat mei er net feroare wurde?'

Min woe ek wer it sâltlokje op tafel hawwe, it iten wie fierste larderich. En dan noch wie de griente net gear genoch, mar hja prate mei leafde oer de Potstro en de prommebôle fan eartiids.

Wylts mocht de Hightea net fergetten wurde, fansels. Kofje mei gebak en snobbersguod kamen rap foarby. Mei in abbekaatsje waart it ôfsletten,

Goed om alles es op in rigeltsje te setten, witte wert beide partijen oan ta binne,

Der giet neat boppen tefreden en lokkige bewenners yn Corona-tiid, ist net wier?

Mei elkoar wiene se it iens. Se hiene it hjir goed.

It hie minder kinnen...

Ferdraachsemens

troch Posted on 0 Comments 1 min read 487 views

Foto troch Christian Langballe fan Unsplash

Wij binne wer foar in part yn it âldereinhûs beheind, net sa as mei de earste coronagolf want dat wie frjemd foar elkenien, mar mei dizze golf is it oars.

Elke dei lizze der wer oare berjochten yn de brievebus en elke dei moatte wy ùs wer oan oare, nije rigels hâlde.

It is krekt wat Rutte op dat momint foarskriuwt. De man hat it ek net maklik, hy docht it nea goed, fansels...

Ik mien foar mysels dat ik nochal fleksibel fan aard bin, mar dat blykt sa net te wêzen. Ik lear mysels dizze dagen kinnen (foar safier ik dat noch net wist 😁).

Ik begjin my op te winen oer praat as 'Wer is jo mûlkapke?' en 'Jo komme te tichteby!' 

It is stil wurden yn dit hûs, hja hat him of har werom lutsen. Hja hawwe eangst krigen foar dy ûnsichtbere fijân. Elkenien kin it ommers oerbringe!

De sibben skilje my alle dagen, en sizze dan: 'Net ien oankrûpe en ek net tùtsje, hear!' Se ferjitte dat it hjir allegearre minsken op leeftyd binne, hoe soe ik hjir noch yn de ferliding komme kinne?

Ien ding is wis: dizze pandemy hat ùs wol op ússels smiten. Wy hawwe it no mei ússels te krijen, wès mild foar dyn persoan én dyn meiminsken.

Ferdraachsemens. It falt net altyd mei...

Spannende tiden

troch Posted on 3 Comments 1 min read 900 views

Foto troch Shahin Khalaji fan Unsplash

Der stiet hja yn 'It Fermidden' (de grutte seal), it is kofjetiid. In slank eptich frommeske, se is de direktrise fan dit âldereinhûs.

En ás sy komt, dan is er wat te rêden. Eltsenien dy dat noch kin, giet rjochtop sitten.

'Wa is sy?, wurdt er flústere, 'Kinst sto har?' 'In nije bewenner, seit er ien.

'Ne, der is sy te jong foar. Se sil wol yn it bestjûr sitte.' tinke se.

En dan nimt sy it wurd; der is besmetting fûn op in oare ôfdieling fan it hûs.

De minsken begjinne trochelkoar hinne te praten en dan baarne de fragen los: 'giet ùs lèsmiddei wol troch?' En 'meie wy noch wol bridsje as spultsjes dwaan?'

Foar guon lju is it wat tefolle en wol der mear fan witte. In minske fan omtrint hûnderd ropt: 'Mei ùs Geale wol komme?'

De oanwêzigen moatte it earst besinke litte. Mens erger je niet en it damjen lizze er rommelich by.

Wy, dy oan de 'goeie' kant fan it gebou wenje en noch net besite hân ha fan it firus, skriuwe in kaart mei in bemoedigjende tekst er op.

Binne hjirre wol geskikte teksten foar? freegje ik my ôf...

Spannende tiden, dat binne it.