Tik

Ik ha in ‘tik’ dy elkenien by him sels ek goed werkenne sil. Bewust as ûnbewust, wy hawwe sûnder it miskien te beseffen, allegearre in tik. Ik ha ek in frjemde tik wer ik myn libben lang al lest fan ha: it ynterieur, sis mar de ynrjochting fan de wenkeamer, dy moat altyd oars. Der … Read more

Grutsk mei, fansels

Ik ha op famylje besite west. It wie gesellich, der lei it net oan. Kofje en tee mei wat lekkers er by, ek der wie neat mis mei. En dochs ûntbruts er wat oan. It petear bleaun oan de opperflakkige kant. Jimme kinne dat tink ik ek wol: d’r wurdt wiid wiidweidich út wreide oer … Read more

Fertriet

Stientsjeùs kat– is fane wize. Se is net harsels. Se is net de âlde Stientsje.

Us buorman is fane wike stoarn..

Salang wy hjirre wenne ha, wiene sy grutte freonen. Se rûn, oer de rânen fan it balkon, alle dagen nei de buorman ta. Se kaam net yn’e hûs mar gong foar it raam sitten en seach frijmoedich de keamer yn.

Somtiden siet sy foar it sliepkeamers raam, ek as hy besite hie.

En sa gong dat jierren troch. De man fûn it best en ek noch gesellich .

Mar no is hy stoarn en Stientsje mist him. It hûs is leech, d’r is neat mear te sjen.

Ik ha efkes ûnder twa eagen mei har praat en útlein dat dea gean by it libben heard.

Mar har itenspantsjes bliuwe leech want Stientsje, dy hat fertriet…

Read more

Wilsferklearring

Wat wol mem no?’ freget de soan, en hy wiist op in papier wat al dagen útdaagjend prominint op ‘e tafel leit. It is in wilsferklearring dy ik ynfolje moat, en der skiet ik no al dagen tsjin oan. De doktersassistinte hat him brocht en dy moat ik no ynfolje. Mar ik bin der noch lang … Read more

In stikje Boarn

“Âlde beammen moatte net
to swier snoeid wirde…”

Se binne in pear dagen oan it snoeien west.

Wol acht man gongen der oer gear. Al it grien moast foart.

Ek in rychje Bjirke beammen gongen tsjin de flakte, se hiene wol in pear jier wurk hân om sa grut te wurden. Enorme stobben waarden by de dyk set.

Der waard in ridend toilet ûnder de lêste Bjirk del set. ‘Dy mei libjen bliuwe’, seine se fan heger hân.

En sa ha ik in moai ûtsicht krige; in stikje Boarn is er foar yn ‘t plak kaam. In stream wert ik oan berne bin.

En dochs moast ik mei blidend hert ôfsky nimme fan ‘myn’ griene freonen.

Freonen, dy my troch in drege tiid fan fertriet en blidens hinne sleept hawwe. Oan alles komt in ein.

Mar ek In Nij Begjin

Read more

It ferskil

Ik sil myn freondinne efkes skilje. Freegje hoe it mei har is. Wy binne like âld en kinne inoar al fan ôf ús trouwen. It wie myn hertsfreondinne troch de jierren hinne. Sy krigen soannen en wy ek. Har man kaam te ferstjerren, en ek ik moast myn man loslitte. Sy en ik waarden âlder en gongen … Read more

>