Nachtpon

trochPosted on 1 Comment1min read1890 views
Ik kom noch efkes om in bakje kofje, hear."

"Da's goed," sis ik, "mar ik ha de nachtpon al oan."

"Dat jout neat, ik ha mem wol faker sa sjoen." seit er.

Nei in smout petear giet er wer fuort.

Efkes letter giet de telefoan; "Mem, ik ha de kaai lizze litten en no kin ik er net mear yn komme. Hat mem ek in kaai  en wol mem dy efkes nei de yngong bringe?"

"Wol ja." sis ik. Ik bin yn de nachtklean mar toe mar... dy jonge moat holpen wurde.

En sa pak ik myn scootmobyl en race troch de lege, holle gongen fan it fersoargingstehûs, nei de foardoar.

En nei dat ik de kaai ôfjûn ha, hobbelje ik werom troch deselde kâlde dongen.

'Werom hâlde wy as bewenners ûnderling net es in wedstriid yn nachtklean, op scooters?' betink ik my. Ik sil it op de aginda sette litte.

In wûnderlik gefoel oerfalt my en al ridend geniet ik noch mar ris dûbeld fan 'e donkere stilte yn 'e nachtlike gongen fan it âldminskenhûs.

Ha! Max Verstappen soe wolle dat er hjir race mocht. Yn 'e nachtpon...

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

1 Comment
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

[…] Lês fierder by Tiden hawwe tiden […]

Previous
De reade bûsdoek
Nachtpon

1
0
Would love your thoughts, please comment.x