It is wer safier: in nij jier stiet 0p de libbensdoar te klopjen.

Ik wol net oan dat stomme gedoch -werom sjen- meidwaan. It jout ús neat, it jier is foarby, jo kinne er ommers neat oan feroarje en it is sûnde fan jo enerzjy.

En dochs dogge jo er oan mei... efteromsjen.

Somtiden wie it in feest mar somtiden ek om te gûlen. 'Sa is it libben no ienkear, nimme sa as is.' seit myn heit dan.

Mar wist dy man better? Soe hy alles naam hawwe?

It wiene oare tiden. Earmoede wie er oeral, min socht de gesellichheid byinoar. Ek ik ha yn myn libben tiden fan rykdom kinnen, mar ek fan 'wa moat earst syn jild hawwe?'

Der wiene ek jierren fan gelok, mar ik wie jong en tocht dat it sa bleaun. Dat soks gewoan wie.

De tiid hat my no ynhelle en ik belibje no oare gelokkige tiden. Dy by myn âldens passe, sis mar. Ek dan kinne jo ek gelokkich wêze en tarre op it gelok fan eartiids.

'Wat kin ik foar jimme dwaan?' freegje ik myn soannen. Ik wol net sokken stopje as breidzje, dy tiid is foarby. Ik moat mar efkes telebankierjen as nei myn webside sjen. Der moat nedich in nij stikje komme.

Want lokkige tiden binne yn oantocht.

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

1 Comment
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

[…] fierder by Tiden hawwe […]

Previous
Bleate fuotten
Werom sjen (2)

1
0
Would love your thoughts, please comment.x