It libben fiere

Yn de âlde pastorije fan de Herfoarme tsjerke fan myn doarp ha wy it libben fiert. Myn skoansuster waard tachtich jier en dat ha wy witten. De hiele famylje, buorlju, goedkunde en wa`t mar koe kaam er op ôf. Hja hawwe dan ek hun hiele libben lang  yn it doarp wenne. Troud, bern krigen en fan [Lês mear »]

Ik wit it net

“Mem, is it wier?“, freget myn soan. “Wat is wier?” Hoe faak wurde jo frege: “Is it ek wier?” Ik ha al es heard dat ferslachjowers noait sizze meie: “Ik wit it net…”  Ek menisters moatte dat omsile. Doe`t  ùs bern lyts wiene moasten jo altiid in andwurd jaan. As jo it andwurd wisten as nèt. Sei [Lês mear »]

Bedoarn

“Mem, hat dy jonge bedoarn“, sizze syn bruorren . Hoe faak  ha ik dat net hearre moatten ? It giet oer hun jongste broer. Dy woe faaks nèt omtlyk. Doe hy in puber wie hiene wy gau ris de hannen fol oan him. Hy wie oars as syn broers. Hoe lyts hy ek wie, hy [Lês mear »]

Nifelder

“Past it dat ik efkes om in bakje kofje kom?“, freechje ik myn soan.  In jier al wat allyn hawwe hy en syn broer elk in flatsje kocht yn it selde kompleks. De wenten wiene tige fertutearze en waarden spotgoedkeap ferkocht. Tsjin de âldste soan seine wy: “Soe sto dat wol dwaan?” , wittende dat hy [Lês mear »]

Komme

Op myn fraach wannear sy fan plan binne te kommen, seit hy wat kitelich: “Mar wy binne dochs krèkt west!”  Ja jonge, dat is ek sa: it tsjit my ynienen wer yn`t sin. In pear wike allyn kamen sy unferwachts thùs mei twa hûnen dy hja ùt Portugal adopteare hiene. Mei ùs eigen twa hûnen [Lês mear »]

Witte jimme noch wol?

Wy sitte by elkoar as broers en susters. Dat dogge  wy regelmjittich. En dan komt it petear fansels oer eartiids. Dat komt troch de omjouwing. Myn broer wennet yn de âld molkfebryk fan Âldeboarn. Hja hawwe it gebou hielendâl ôfbrutsen en der apparteminten fan makke. Allinne it direkteurshûs is bestean bleun en renovearre. It binne prachtige [Lês mear »]

Kar meitsje

Der leit hy yn syn koer, ùs Ollie. Hy is siik en hy hoastset him stikken. Wy binne al wiken mei him oan it dokterjen. Hy hat focht achter longen en hert. Ik wit wol: hy is sechtjsin jier wurden mar as jo fan it bist hâlde dan wolle jo him sa lang mooglik yn [Lês mear »]

Respekt

“Hawwe jimme bern noch respekt foar jimme?” frege hja. Wy sitte tegearre kofje te drinken.We kinne mekoar al jierren en sa komt it petear as fansels op de bern. Har dochters binne like âld  as  ùs soanen. Op har fraach oer respekt moat ik oer nei tinke. It is in direkte fraach en dat freget [Lês mear »]

Indy

“Mem, Indy is ek dea…“, seit myn soan. Ik hear wol; hy is oandien. Ik lis al op bed en krij noch let in telefoantsje. Yndy is in rûchhierriche Jack Russell. Sechtsjen jier allyn ha sy him tegearre ophelle ùt Ljouwert. It hûntsje wie fan in eartyds Veronicaskip-eigener. De man hie in stik as wat [Lês mear »]

Onder De Linden

In jonge fan sechstsjin jier sit oan ‘e bar yn it café “Onder de Linden” yn Lùnbert. Hy wie noch wol oan de jonge kant om dèr te wèzen, mar ja wat moat je oars as jo oars neat dogge as wurkje fan moarns ier oan `t jûns let. Achter  de bar hinget in grut [Lês mear »]

>