De Famylje

Nije knibbel

troch Posted on 0 Comments 1 min read 759 views

Myn man is wer thùs en wol mei in nije knibbel. Bliid as in bern dat hy wer thùs is, der giet neat boppe jin eigen omkriten. Dochs is hy goed te sprekken oer sikenhûs en personiel. De susters binne leaf en wolle alles wol foar de pasjint dwaan. Dochs hie hy it faaks mei hja te dwaan, se moatte mei minder minsken it selse wurk dwaan. Se hawwe it fleanend drok, eltse ôfdieling hat troch effisjinsje ien ferpleechster minder. Nei in operaasje moat de pasjint sa gau mooglik nei hûs. It management fan it sikenhûs is oan it besunigjen, se wolle ùt de reade sifers bliuwe. It sil ek wol moatte, ik ha der alle begrip foar, mar dat moat net ten koste fan personiel en pasjint gean.

Dochs binne wy tankber dat it ùs op âldere leeftiid mooglik makke wurd om wer normaal mei te dwaan yn de maatskippij.

En myn man? Hy hat it rinnen hast wer ûnder de knibbel...

Blau, blauwer, swart ...

 

Memmedei

troch Posted on 2 Comments 1 min read 721 views

Moarn -acht Meie- is it wer Memmedei. Al wiken is de media dwaande om ùs op in emoosjenele wize te bewurkjen. Op ferskate manieren wurd ùs onder de noas wreaun dat wy foaral Memmedei net ferjitte moatte. Op in psychologyske en ùtdoktere wize wurre wy bewurke om dochs mar fan alles te keapjen.  En as wy der net oan mei doche, dan seit ùs gewisse: 'Do hâlds net genoch fan dyn mem'.

Eartiids diene wy der thus neat oan, dat wie noch net yn 'e mode. Ùs heit naam wol ris in blomke mei foar ùs mem mar dan hie hy wat goed te meitsjen, tink ik. Letter troude ik en myn man sei; 'Der doche wy net oan mei, dat ha middenstânners ùt fûn'. Dû ùs bern lyts wiene kamen se mei in tekening thùs  foar memmedei. Ik ha se bewarre, kreatyf wèze en ynspanne om wat foar har te meitsjen, dat waard wurdeare. Memmedei is prachtich mar it jier is lang, lit it net by iene dei sitte.

Snein komme ùs bern thùs, we meitsje der in smoute dei fan. En blommen hoecht net, ik wit dat jimme fan my hâlde.


Strikken

troch Posted on 3 Comments 1 min read 861 views

Mids yn de lèste wrâldoarloch hippelje twa lytse famkes nei skoalle ta. Op hun holle stean grutte oranje strikken rjucht oerein. Mem hie se sa stevich yn it hier dien dat hja liken wol sjineeskes; de eagen stienen bryk yn 'e holle.

Se hiene de opdracht krige: ùt noch yn mocht  ien oan de strikken komme. Hja wiene noch mar krekt yn skoalle as se moasten al op 'e gong komme. By it Haad fan de skoalle stie in fremde man yn swarte klean. Hy moast fan de swarte man de oranje strikken ùt it hier helje. Mar it Haad sei: "Nè, dat doch ik net. Ik mei net oan myn bern komme."

Hy stjûrde ùs nei hûs en wy moasten dalik werom komme sûnder strikken. Mar ùs mem sei: "Der komme hoe dan ek strikken yn want Keninginne Wilhelmina is hjoed jierdei." Dû kamen der grutte swarte strikken yn; in teken fan rou. We wiene noch mar krekt wer op skoalle as we moasten wer nei hûs. Ùs mem stie ùs al op te wachtsjen mei noch gruttere strikken nò wiene se wyt. Se sei: "Wyt is de kleur fan de oerjefte mar ek fan befrijing."

Wat wy dèr fan tochten? Myn suster fûn it in soad geskyt mar ik fûn it tige spannend dat ùs mem dat oandoarde. Dat wie wat... In died fan ferset fan in ienling der`t in hiele protte fan wienen yn Fryslân.

De skriuwster dizzes oan de linkerkant mei een grutte strik yn it hier.

Oranje-Bitter

troch Posted on 6 Comments 1 min read 1146 views

Keninginnedei is foar ùs in bysûndere dei. Net allinne in feestdei omdat Keninginne Juliana eartiids jierdei wie mar ùs âlste soan waard berne op har jierdei.

Tritich April njochentjen hûnderd en sechstich waard hy berne. Wy krygen doe ek noch in felisitaasje fan Hare Majesteit wat jilde foar alle bern dy `t op dy datum berne waarden. Mar foar ùs is it in feestdei mei in rourântsje wurren. Oardel jier allyn ferstoar hy oan in hertstilstân, samar ien ienens. Hy wie njoggen en fjirtich jier.

En dochs bliuwt it in bysûndere dei. Mar wol in Keninginnedei mei Oranje-Bitter.

Op besite

troch Posted on 1 Comment 1 min read 765 views

Der sitte wy dan iere betiid yn ' e auto fan de soan. Wy sille op besite nei in oare soan dy om ùtens wennet. Meastentiids komt hy hjir hinne mar no hiene se betocht: it moast mar oars om. Mar dat is altiid in hiel geregel want wy hawwe twa hûnen en hy hat trye katten. En it snoade is: se kinne hielendal net mei elkoar opsjitte. Foaral Max, dy wy eartiids ùt Jobbegea helle, ha is oars sa gemoedelik en guodlik mar dy katten mei hy perfoarst net lije. Miskyn sit der wol âld sear, witte jimme it? Dû ha ik de buorren mar frege, sy woene wol oppasse.

Sa dwaande gean wy op wei, myn man efteryn. Hy hat altiid sels riden en nò moat hy it oerlitte en dat fynt hy mar neat. Der wie net ien dy better ride koe as hy, fynt er. Ik jou my del en genietsje fan it prachtiche lânskip dat oan myn eagen foarby giet. It koalsiid stiet yn bloei yn kleuren der`t in skilder net oan tippe kin. Sa sit ik te mimerjen en foar dat ik it troch ha binne wy te plak. Nei de kofje giet de barbecue oan en mei in wyntsje der by fleant de dei om.

It wie in dei mei in gouden rântsje.

En wat de hûnen oanbelanget sy binne noch nea sa folle ùtlitten , minsken en bisten binne dik tefreden wat wolle wy mear !


Sjouke de Zee| 1867-1954

troch Posted on 0 Comments 2 min read 930 views

Op de grutte souder fan "Woudlust" leit in jonkje fan amper acht jier plat op 't liif te lèzen.

Hy hat in tsjok boek foar him lizzen. Mei koperen heaken en hoekstikken yn in âld learen bân.

It is de Fryske steatebibel mei prachtige printen yn Goatysk skrift.

Sa jong as hy is wit hy al wat hy letter wurre wol: dûmny. Hy wol grutte kloften minske tasprekke, hun oansprekke op hun idèalen.

Net ien fertelt hy fan syn dreamen want se soenen him ùtleitsje.

Dat jonkje hjit Sjouke.

Sjouke hat seis bruorren en ien suster. Syn heit hie earst in lyts spultsje fan sân kij, troch in erfenis kamen se op de grutte pleats "Woudlust" te wenjen yn Boarnburgum.

Troch de delgeande tiid fan de tachtiger jierren moat de pleats foart. Sjouke wurdt earst skuonmakker en dan boerefeint. Mar dan kin hy him ûntwikkelje. Oerdeis hurd wurkje en jûns der op ùt om te sprekken. Hy had yn syn libben njoggenhûnderdfiiftich taspraken hâlden.

Twa kear reizige hy ôf nei Friezen-om-ùtens mei de boat de grutte oceaan oer nei Amerika.

As politikus bringt hy it ta gemeenterie en steatenlid foar de S.D.A.P. Hy wurdt dichter en skriuwer en begjint toanielstikken en revues te skriuwen dy oeral yn Fryslân opfiert wurre. Der ferskynt de iene nei de oare gedichtebondel mei prachtige pintekeningen.

Op 29 Juni 1954 komt er in ein oan it libben fan dizze grutte Fries en sosjalist: Sjouke de Zee. Wy binne him tige tankber dat hy syn libbensferhaal oan ùs neilitten hat.

Fysio

troch Posted on 0 Comments 1 min read 673 views

"Samar bin ik blyn wurren", seit de kreaze jongeman tsjin ùs. "Ik stie  mei myn maat heech op in ljedder in hûs te skilderjen. En ynienen seech ik neat mear. En nò sit ik hjirre en bin folslein ôfhinklik wurren."

Wy sitte by Fysio yn de wachtkeamer. Myn man sjocht min en sa dwaande binne wy by Fysio terjochte kaam.  Keninklik Fysio is in lândelike stichting foar bline en minsjende minsken. Se helpe dizze minsken om mei hun fisueele handikap om te gean en it libben foar hun wat oangenamer te meitsjen. Sa hawwe sy ûnder oaren allerhanne helpmiddels wer ûnder lûpen om te lèzen en telefoans mei hiele grutte nûmers. Mar ek op it med fan pratende kompjûters, toetseboarden mei grutte wite letters.

Ik ha myn eagen ùt sjoen. It is op dit plak te folle om op te neamen. Sels spultsjes sa as damjen en kaerten; alles yn it grut. Se hawwe ek iepen dagen, de muoite wurrich om der es hinne te gean.

Ik kom de jongeman wer tsjin en freechje hoe as it mei him ôfrûn is.  Hy is dwaande om in tandem te kryen. "Ik ha wol kammeraten dy mei mij fietse wolle.", seit er.

Wy geane nei hûs en krye in pratende kompjûter. Mei in hiel ferliedelike frouljesstim. Begrutlik: se kin gjin Frysk.

Brutsen

troch Posted on 0 Comments 1 min read 728 views

Ja minsken: ik bin brutsen.

Wy hawwe in flinke tùn. Wa moat dy ûnderhâlde? Ik fansels. Myn man in bèste fint hear mar hy hat gjin weet fan tùntsjen. Wy hawwe jierren allyn in tûnman hân. 'Pake Huver' seine ùs bern. Wat in weelde wie dat. Hy wie in ùtsanearre boer fan fiif en sechstich jier. Hy woe graach wat om hânnen ha en wat wiene wy wiis mei him.

Wy begongen moarns mei in bakje kofje en om âlf oere namen wy in pear beerenburgjes. We hawwe him jierren hân, hy hearde by de femylje. De man libbet al lang net mear mar as ik yn de tùn dwaande bin tink ik mei weemoedigens oan dy tiid werom.

Dochs mei ik graach yn de tùn arbeidzje. Troch it skoffeljen en it skreppen yn de grûn kinne jo al jin gefoelens kwyt. Fertriet, grammoedigens en ûngedinens ferdwine geandewei. En wa kin jo better treaste en opmonterje dan de natûr sels? Dochs bin ik brutsen ik ha te folle hea op 'e foarke naam. "Hoe fynst de tùn?", freechje ik myn man. "Is er wat oan feroare?" freget er...

Dy keardels, je soene se. Lokkich ha ik er mar ien fan.

De Papierman

troch Posted on 0 Comments 1 min read 723 views

Midden yn it sintrum fan it doarp stiet it ferkear stil. It sit muorrefest. Myn broer hâld de hiele boel op, hy is de papierman fan it doarp. Mei syn fiets en in ôfladen oanhinger stremt hy it hiele trochgeande ferkear. Jierren allyn doe der in hiel soart fraach wie nei âld papier is hy der mei begong. De terptsjerke moast de heechnedige opknapbeurten ha mar der wie gjin jild foar. Sa is hy yn oerliz mei de tsjerklike en boarglike gemeente oerien kaam om it âld papier op te heljen. De middenstân fan it doarp kin op him rekkenje -waar as gjin waar- hy is yn it doarp te finen.

Mei sinterklaas wurre sy bedobbe ûnder de sinterklaaspakketten. De minsken hâlde fan dizze papierman fan twa en tachtich jier en litte dat ek blike. Ek it programma "Hea" hat him alles foar it fuotljocht brocht. Syn frou seit wol es; "As hy dit wurk net meer dwaan kin, dan wurd dat syn dea."

It ferkear stiet wer es muorre fest, myn broer wurd er kâld noch waarm fan. "Se wachtsje mar efkes..", seit er. It libben is koart genoch om je der oer op te winen.

Efkes letter wurd der in hiele grutte container foar de doar set it wurd er donker fan yn 'e hûs...

Paraglider | twa

troch Posted on 2 Comments 1 min read 895 views

"Ik bin wer thùs hear!" ropt in stim yn 'e gong. Mei in grutte klap hearre wy hoe hy tweintich kilo begage op de grûn falle lit. Ùs "paraglider " is wer thùs.

"Nò  je, hoe wie it? Hast it nei`t sin hân en is alles goed gong?" freegje wy.  "Jow my earst mar in bakje kofje" seit er. Ik fernim wol; hy hat gjin nocht oan praten. Nei tolf oeren fleanen komt der gjin wurd mear ùt. Hy hat lest fan in bèste jetlag. De earste ûren as dagen sille wy wol neat te witten komme, tink ik. Him kinnende sille wy mei de tiid wol es hearre wat hy belibbe hat...

Wat is dat dochs mei de âlde lju dat sy foart alles witte wolle?

Mar fansels binne wy bliid dat hy wer feilich op de grûn oan lânne is want Sùd-Afrika leit net neist de doar...

Foto: Friesland Holland Nieuws