Bedoarn

troch Posted on 2 Comments 1 min read 513 views

"Mem, hat dy jonge bedoarn", sizze syn bruorren . Hoe faak  ha ik dat net hearre moatten ?

It giet oer hun jongste broer. Dy woe faaks nèt omtlyk. Doe hy in puber wie hiene wy gau ris de hannen fol oan him. Hy wie oars as syn broers. Hoe lyts hy ek wie, hy hâld in deiboek by. Jûns as hy op bed lei waard it belibjen fan de dei opskreun. Ek as hy bliid as fertritlik wie, alles waard notearre. It binne  foar my kostbere skriftkes wurden. Hy begong te tekenjen, eigenlik wiene it cartoons,  ek der koe hy syn gefoelens yn kwyt. Skoalle hie hy net folle mei -hy koe net goed mei gesach omgean- op eigen manneboet, dan kaam hy it beste ùt de ferve. En sa is it altiid bleun; in frij gefochten geast. Nò kin hy syn ai kwyt yn syn wurk. Kreatyf,  untwerpe, syn kinnen sjen litte en wurdearre wurde. Wy hawwe wat mei elkoar, sûnder wat te sizzen begripe wy elkoar. Bedoarn, dat is hy nèt mar hy is oars.                                                                     

Wat fiel ik my gelokkich mei in lykgestimde. Ien dy my begrypt en oanfjild. Wy hawwe wat, dò en ik ...


Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
2 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

Soan D.

Leaf. Sa fiel ik dat ek, hear. Us reis nei York wie dochs wol it hichtepunt hjirfan.

Previous
Nifelder

2
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x